Nirvana-hoeske

july 29, 2011 20:36

Resint ferskynd

Om’t it hoeske fan ien fan de wichtichste platen út de rockskiednis, Nivarna’s Nevermind net strookt mei de brûkersbetingsten fan Facebook, hat dizze sosjale netwurkside him ferwiderje litten fan de offisjele Facebook Nirvana-side. It giet om de ikoanyske hoes, dêr’t in lytse poppe te sjen is, dy’t efter in dollarbriefke oan swimt, oan in fiskheakje. Fan de plaat Nevermind binne mear as tritich miljoen eksimplaren ferkocht. Yntiids hat Facebook, om’t der sa’n soad protest op kaam, de thumbnail al tastien.

 De makkers fan de Nirvana-side hiene it hoeske opladen as yllustraasje by in berjocht dat seit dat der op 26 septimber twa jubileum-edysjes fan Nevermind útkomme. It is dy deis tweintich jier lyn dat de plaat útkaam.

july 29, 2011 20:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.