Nederlânske treinen tige stipt
Resint ferskynd
UTERT – Dútsers hawwe de namme ‘pünktlich’ te wêzen, mar de Nederlânske Spoarwegen jouwe de lêste moannen in tigen foarbyld. Fan alle treinen ried yn it ôfrûne fearnsjier 95,1% op ‘e tiid (mei minder as fiif minuten opûnthâld). Dat is it heechste persintaazje dat de NS ea helle hawwe. De treinferfierder makke de sifers snein buorkundich.
Mar 1,6% fan alle ritten foel út, in soad dêrfan troch it swiere waar fan 28 juny. De tefredenens ûnder de klanten is ek tanommen. Yn it earste fearnsier fan 2011 wie 69% fan de reizgers tefreden oer de NS, yn it twadde fearnsjier wie dat 76%.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje