It SKS skûtsjesilen begjint wer

july 30, 2011 11:45

Fan hjoed ôf stride de fjirtjin skippers fan de SKS float twa wiken lang om de kampioenswimpel en it sulveren skûtsje. De earste wedstriid is op de Pikmar en de Wide Ie by Grou. Lykas oare jierren sil Klaas-Jansma fan Omrop Fryslân ferslach dwaan. Alle jûnen is der in skûtsjesjoernaal op ‘e televyzje.

Hjoeddeis is de wedstriid ek live te folgjen fia ynternet. Elts skûtsje hat in apperaatsje mei, dêr’t se mei te folgjen binne fia in GPS systeem. Sjoch hjir: http://spectator.mylaps.com/81305_Grou

Njonken dat beskikt de SKS oer in saneamde app. Sa’n app jout ûnder oare de wedstriidaginda, de útslaggen, it klassemint, live radio- en televyzjeútstjoerings en mear ynformaasje oer alle skûtsjes, nijs en twitterberjochten.

july 30, 2011 11:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.