It miljeu foarút boadskipje

july 24, 2011 13:22

Troch mei ynternetboadskipjen út ein te setten op it nije webportaal www.dothebrightthing.com meitsje jo jo nijkeap fuortendaliks klimaatneutraal, sûnder dat it in sint ekstra kostet. Sok merakel is mooglik troch de wize fan wurkjen fan ynternetwinkels: dy jouwe in aardich bûssintsje (sa’n 2 oant 20 % fan it oankeapbedrach) oan de websiden dy’t klanten nei harren ta liede. De eigners fan www.dothebrightthing.com – enerzjyleveransier Greenchoice en griene ûndernimmer Maurits Groen – brûke dat jild as ûnderpân om it fjouwerfâldige bedrach te lienen by de bank foar it oantugen fan sinnesellen. De liening wurdt letter mei de enerzjyrisping werom betelle. It enerzjyferbrûk dat mank giet mei it meitsjen fan de troch de konsumint oankofte produkten is berekkene troch de Universiteit fan Grins en wurdt oerset yn it tal sinnepanielen dat foar it lykmeitsjen dêrfan nedich is. De finansjele kant fan de saak is ek deeglik besifere. Groen okkerdeis yn deiblêd Trouw: “De hjoeddeistige generaasje sinnesellen kin men 25 oant 30 jier mei ta. De earste 20 jier rekkenje we foar de kompensaasje fan it kofte produkt. Foar it meitsjen en ferfieren fan it sinnepaniel sels nimme we dan noch ris 2 jier.” Dat sadwaande bliuwt der ek in jiermannich oer om winst te meitsjen. Om te bewissigjen dat de ûndernimming rendearret, wurdt it meastepart fan de sinnesellen pleatst yn lannen mei oerfloedich sinneskynwaar. Groen: “Wy moatte op it lêst de lienings al werombetelje”. Lykwols giet noch 10 % nei de lannen dêr’t de oankeap dien is en 5 % nei ûntwikkelingslannen.

In ‘sinne-enerzjy buorkerij’ yn Súd-Frankryk ( © It Nijs). Klanten dy’t www.dothebrightthing.com as keppelside brûke foar it ynternetboadskipjen, krije binnen twa moannen oer de e-post te hearren wêr’t ‘harren’ sinnesellen bedarre binne.  

Fia www.dothebrightthing.com – in Ingelske wurdboarterij, yn it Frysk soe men bygelyks sizze kinne: ‘blier as de sinne it rjochte dwaan’ – kinne al in miljoen produkten beset wurde. Fleis en fleanreizen sitter dêr lykwols net by. Groen: Dy binne sa alderferskuorrendste guodkeap dat der net tsjinoan te kompensearjen falt.” Groen is der net mei oantangele dat minsken sa moai trochgean kinne mei keapjen fan enerzjyslinende apparatuer, om’t se dat neffens him oars ek wol dwaan soene. “Mar as de minsken dat fia ús webside dogge, ynvestearje hja yn duorsume enerzjy.”

Der binne mear ynnovative inisjativen om sinne-enerzjy te fermerkjen: sjoch ek It Nijs fan ferline wike snein.

july 24, 2011 13:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.