It debat oer yntegraasje is fersmoarge en besmet

july 28, 2011 13:47

Yn Noarwegen hat in fûnemintalist in oanslach begien. Hy woe de marxisten en de moslims te liif. Op de webside fan de PVV fûn ik hjoed immen dy’t it geweld fan de dieder stipe, mar nei it jûnsmiel wie de PVV-side net mear te berikken.

Yn Nederlân wize lilke minsken no ek nei Wilders. Syn populisme hat it ôfkreakjen fan loftse partijen en moslims ta in deistich wurkje makke. Dat Wilders der sels streekrjocht op oanfallen wurdt, dêr bin ik it net hielendal mei iens. Boppedat hat de fertochte sels keazen foar dizze wrede moarderij.
It debat oer it klimaat fan yntegraasje is swier ferpeste. Dêr hat Wilders wol syn stientsje oan bydroegen. Syn folgelingen dogge it noch mâler. As ik hjir it ûnfernoegen besjoch en de taal dy’t guon minsken brûke, meiwage lit, komt it der op del dat in debat oer yntegraasje en Islam foar gjin meter doocht. Der wurdt sâlt yn iepen wûnen struid.

De progressive partijen binne de ûnfrede oer de multykulturele mienskip te liif gien mei in oprop ta solidariteit. Cohen wol hawwe, dat de multykulturele mienskip slagget. Solidariteit, dêr ha de minsken genôch fan. De bewenners fan de minne wiken binne troch de lokale oerheid min behannele. Neidat in wyk mei âlde wennings renovearre wie, hienen de minsken fan bûtenlânske ôfkomst foarrang by de wenningtawizing. Soks ropt wjerstân op. Yn in mingde wyk krije dizze minsken ek nochris te meitsjen mei de oerlêst fan oare gewoanten.

De Wilders-folgers litte harren opstokelje. Sa’t ik al sei, smyt hy oalje op it fjoer. It populisme sit der fol mei, oaren de skuld yn ‘e skuon skowe. Benammen de moslims ha it hjir bedoarn. Wilders is debatter yn in fersmoarge en ferpest debatklimaat.
Harry Bouwhuis

july 28, 2011 13:47
Skriuw in reaksje

12 opmerkingen

  1. Harry july 30, 11:30

    Ik ferwachtsje dat hjir dochs wol in stik of wat reaksjes op komme.

  2. Pyt july 30, 11:52

    Ik haw Moslims kennen leard, dy’t tige goede meiminsken binne. Mar it liket my net goed ta, dat der noch grutte tallen ymmigranten by komme.

  3. Rindert Algra july 30, 17:29

    Krekt lykas yn it Tour peloton: it liket te gean om in gebrek oan respekt foar innoar. Renners litte har mooglik net sa maklik weromkeppelje (dat jildt dan warskynlik ek foar de opbouwende kritiken) gefolch: gruttere factor yn oarsaak ûngemakken? Analooch sjoch ik dat ek yn it deistich libben. De oar moat respekt ha foar it eigen belibjen, oarsom wurket net mear. Want oeh wee as de eigen erfaringsbel skeind driget te wurden. Yntegraasje liket no te moatten om in grutte klyk kritikasters, dy’t nea of amper mei yntegranten konfrontearre wurde, en farre op signalen dy’t ynhâldlik neat om hakken hawwe, mar der wol fan alles oer miene te erfaren ( meast mei it gat op de 2 1/2-sits) Der is fanút de ferkrampte tolerânsje fan foar de Pim ek romte kommen foar in respektleas stik brullerij. As jo as boarger in meiboarger wize op maatskiplik of sosjaal minder winske gedragings, krije jo hjoed oan de dei meast de wyn fan foaren en giet it gau al net mear om de ynhâld mar om ‘vrijheid van meningsuiting’, mar mooglik mear om de sublimale noasje dat elts blykber it rjocht hat foaral in narcistysk soart fan (be)libjen nei te stribjen. Alles dat oars liket botst mei dy bel en moat lykfoarmich of útroege wurde,… ofsa. ‘Doch ris leaf!?’ -wurket dat net? “Jij praat heel goed, maar ik schreeuw veel harder” (M. Talma) hat in fijn stikje dialooch tusken minsken wol wat ferdrongen, sa liket it wol…
    Kinne wy it minsklik ras net better preventyf romje? Dat ynhâldsleaze, respektleaze geeamel altyd! Ek better foar’t miljeu,…

    Rindert
    (net fan ‘stem in Fries’)

  4. André van der Meer. augustus 1, 00:55

    It is hielendal net slim as der debatearre wurdt oer saken as ymmigraasje, yntegraasje en mindertalkultueren. Mar doch dat dan wol mei respekt foar de feiten en dat is no krekt datjinge wat de lêste tsien jier sûnt Fortuyn deroan mankearre hat.
    Bêste Pyt: de sifers fan it CBS jouwe oan dat wy hielendal net sokke grutte kloften moslims yn it lân krige hawwe. De term “massa-ymmigraasje” rekket kant noch igge as je de sifers fan it CBS oer in perioade fan fjirtich jier goed besjogge, docht bliken dat der fan sa’n foarm fan yntegraasje net praat wurde kin.
    Ik kin elkenien oanriede om dit boek ris te lêzen: “Winnaars en Verliezers, een nuchtere balans van 500 jaar immigratie in Nederland” fan de bruorren Jan en Leo Lucassen.
    Yn dit boek wurdt regaat makke mei in oantal foaroardielen sa’t dy benammen troch yntegraasjepessimisten lykas Bolkestein, Fortuyn en Bosma de lêste jierren foar absolute wierheden oan it publyk optsjinne binne. Lêze soe ik sa sizze en dan werris prate!

  5. Harry augustus 1, 05:37

    It debat bliuwt suterich. As in bûtenlanner yn Egypte of Marroko saken dwaan wol, binne se dêr ek sa tolerant?
    Yn ús lân komme minder ymmigranten as wat Wilders beweart. Mar dat past net yn syn strjitsje. Hy hâldt it op in tsûnamy.

  6. Kening Redbad augustus 1, 17:26

    Alle regearingslieders fan ús buorlannen hawwe tajûn dat de opleine multykulturele maatskippij mislearre is.
    It hie nea wêze moatten.
    Wêrfan akte.

  7. pyt augustus 1, 22:19

    Yn andert op André: Neffens http://nl.wikipedia.org/wiki/Nederland
    ha wy yn Nederlân 5,7% Moslims en 19,1% allochtoanen totaal. Yn’e grutte stêden is dat folle mear: http://nl.wikipedia.org/wiki/Rotterdam jout dêr 45% allochtoanen (13,6% út twa Moslimlannen). Dêr binne dan dy wiken dêr’t de oarspronklike ynwenners folslein ferdwûn binne. Dêr is it wol massa-immigraasje. En dêr binne dan ek gâns húshâldings mei ûnfoldwaande kennis fan’e Nederlânske taal en maatskippij. En no hoege se om my wier gjin 100% Hollanners of Friezen te wurden, mar behoarlik kontakt moat mûglik wêze.

  8. Harry augustus 2, 08:14

    Kening Redbad. It mei dan mislearre wêze, de m.c. mienskip is der. Men kin de oare partijen sizze dat se it op syn beloop lieten.
    R.J.K (red je kont)

  9. pyt augustus 2, 11:50

    Multikultureel is op himsels net ferkeard; dat makket ek mûglik dat der foar ús as Friezen plak is. It probleem ûntstiet as der ferskate monokulturen sûnder kontakt neistinoar libje, as Jo net mei de nije buorlju prate kinne en Jo Jo op’t lêst net mear yn Jo eigen buert thúsfiele. Sûnder kontakt is it net echt multikultureel.

    It probleem leit benammen by de earst binnenkommen groepen. Fan dy gastarbeiders waard ferwachte dat se nei in skoftke wer ferdwine soene en dus wie dy taal net sa wichtich. It binne benammen de froulju yn dy groepen, dy’t der gjin sin oan hawwe om no noch flink oan’e stúdzje. It is opfallend dat krekt bern út sokke groepen de problemen lykje te jaan. Ûnbekend makket ûnbemind.

    Doe’t ik as dosint op it AZC begûn, hie ik noait tocht dat ik samar gewoan mei ‘dy minsken’ prate kinne soe. Mar nei in jier of sa rint it ynienen: it binne ek echte minsken. It kin dus bêst better.

  10. André van der Meer. augustus 2, 13:54

    @Pyt. De befolking fan guon parten fan grutte stêden is yndied fan “kleur fersketten”. Mar dat is gjin gefolch fan massa-ymmigraasje. Dat binne oer it generaal minsken fan de 2e en 3e generaasje.
    Sjoch wat bart is is hiel ienfâldich. Doe’t yn de jierren 70 de oaljekrisis útbruts, en dêrnei in slimme ekonomyske krisis, fûnen links en rjochts yn Nederlân it nedich om in stranger ymmigraasjerezjym yn te fieren.
    De minsken dy’t hjir al sieten hawwe ris goed harsenskrabbe.In protte fan harren wiene wurkleas wurden. Werom gean nei it lân fan komôf dêr’t de krisis noch folle slimmer taslein hie en mei de kâns dat hja dan net mear sa maklik nei Nederlân werom koene? Of hjir bliuwe en dan frou en bern definityf oerkomme litte.
    It waard foar de measten it lêste. Der waard gebrûk makke fan de wetlike mooglikheden foar famyljeweriening sa’t dy by wet opsteld wiene yn begjin jierren 60 troch…..de KVP en eartiids bot stipe troch de wurkjouwers fan Nederlân. Dy hiene graach arbeiders mei frou en bern, want dy wurken hurder neffens de bazen en hiene mear gefoel foar ferantwurdlikheid.
    It binne benammen de twadde en tredde generaasje dy’t op it heden it byld bepale yn de grutte stêden, tagelyk mei it feit dat autochtoanen yn dyselde wiken al hiel lang net mear wenje. Hja wiene begjin jierren 70 al nei plakken as Lelystêd, Almere en Poarmerein gien. Jo sjogge krekt itselde al in oantal jierren mei allochtoanen dy’t it better krije. Dy keapje ek in hûs yn Almere, Lelystêd ensfh.
    Der is ek in oare, mear siferkundige reden, dat yn Nederlân net praat wurde kin fan massaymmigraasje.
    Undersyksburo Nyfer hantearret in definysje foar massaymmigraasje. Der kin praat wurde fan massaymmigraasje as der minimaal 25.000 net-westerske immigranten jiers Nederlân ynkomme.
    Nimme wy eefkes it jier 2008 as foarbyld (de sifers binne fan it CBS), dan sjogge wy dat der 49.000 net-westerske immigranten Nederlân yn komme. Je soene dan tinke kinne, massa-ymmigraasje. Mar sjogge wy wat better nei de sifers dan wurdt it byld hiel oars. Der geane op dat stuit 29.000 fan deselde immigranten it lân út. Dêrmei komt it saldo ûnder de 20.000. Fan dy 20.000 is likernôch de helte asylsiker dy’t troch de strange regels fan it IND hinne komme binne. Dan is der noch in lytse groep Antillianen. As Nederlân dizze groepen net talitte wol, dan moet it in oantal ynternasjonale humanitêre ferdragen opsizze en it Keninkryksstatut fan 1954.
    Dan bliuwe der noch mar 10.000 net-westerske immigranten oer. In part fan dat folk is heech oplaat (komme benammen út India en Sjina). De sifers lizze dan fier ûnder de Nyfernoarm fan 25.000. Dan falt ek noch op dat benammen de lêste jierren der hast gjin lju út Turkije en Marokko by komme. Benammen Marokkanen litte in opfallend byld sjen. Yn de jierren 2006-2007 gongen bygelyks mear Marokkanen werom nei Marokko as dat der hjir by kamen (832). Yn 2008 wie der in posityf saldo fan 52.
    Sitaat út it boek fan de bruorren Lucassen: “We kunnen dan ook constateren dat de relatie tussen het politieke gebruik van de term “massa-immigratie” losgezongen is van de feiten en de politiek een geheel eigen realiteit heeft geconstrueerd.”
    Boarnen: CBS en it boek Winnaars en Verliezers fan de bruorren Lucassen, siden 34 oant 37.

  11. pyt augustus 2, 15:32

    @ André. Dat is miskien net mear as in formeel ûnderskied. Foar de grutte ûnderklasse fan Wilders makket it net folle út: se binne en wurde(?) troch frjemden fan har plak reage. En dat guon fan dy frjemden dan ek noch hegere posysjes besette makket it net folle better: “Se pikke ús baantsjes”. Dat Wilders sil dan grif wol wer in oar wurd fine. It grutte probleem is dat minsken har bedrige fiele en dat se gjin goed antwurd krije.

  12. André van der Meer. augustus 3, 10:38

    Der leit wol in antwurd, allinne is dat net altiten in like ienfâldich antwurd. Dat antwurd leit opslein yn de tiid. It soarte antwurd dat je krekt sjen moatte wolle.
    Bygelyks: de wurkleazens ûnder allochtoanen is no al in stik lytser as 20 of 30 jier tebek.
    Allochtoane jongerein fine ek hieltiten faker in plakje yn hegere foarmen fan ûnderwiis.
    Dêrmei wol ik net sizze dat der gjin swierrichheden binne, krektoarsom. Mar de diskusje oer allochtoanen, immigraasje en yntegraasje sa’t dy de lêste 10 jier fiert is mei in ûndertoan fan “der doocht hielendal neat oan allochtoanen” is net goed en jout net in goed, lykwichtich byld fan hoe’t no krekt giet.
    It wie net goed dat der hielendal net oer swierrichheden praat wurde mocht, mar it is ek net goed sa’t it no giet, dat der allinne mar negatyf oer allochtoanen praat wurdt. Der moat lykwicht komme.
    Fansels moatte wy ek altiten it petear oangean mei de autochtoanen en ek mei de “ûnderklasse fan Wilders”. Dan lit ik se ienfâldich sjen dat benammen it legere betelle wurk al hiel lang net mear troch Nederlanners dien wurde wolle. De skjinmakkers, meiwurkers yn de túnbou ensfh. binne al jierren foar it grutste part nij-ynkommers. It lean is foar de measte Nederlanners gewoan net heech genôch, net genôch kâns op in fêst kontrakt, gjin takomstperspektiven.
    Dy befolkingsgroep sil ek dúdlik makke wurde moatte dat as minsken hjir al 30 jier of mear wenje, dat hja hjir woartel sjitte. En as hja dan tafallich in religy oanhingje, dat dy dan ek foarm kriget yn ús maatskippij. Letterlik en figuerlik.
    Letterlik dat der dan ek romte komt foar in Islamityske omrop op tillefysje. Letterlik dat dan de moskee ferhuzet fan de âld gimmestykseal nei in moai nei gebou. Ta de grutste wearden yn Nederlân hearre de frijheid fan mieningsutering, dat alle minsken gelyk binne (sekse, komôf of religy makket dan ek neat út) en dat der frijheid fan godstsjinst en libbensoertsjûging is.
    Figuerlik dat der romte wêze moat foar religieuze opfettings yn it maatskiplik debat, fan alle kanten. Mar ek romte foar krityk fan alle kanten.
    Figuerlik ek dat de “Wildersoanhingers” dúdlik makke wurdt dat harren byld en opfettings oer de Islam bot iensidich binne.
    De oanhing foar bygelyks it Salafisme is mar hiel lyts yn Nederlân. De measte, benammen jongere Moslims, binne in soarte fan “VPRO-Moslims” dy’t inkeld mei de Ramadam of in offerfeest nei de moskee geane.
    It giet derom wat wolle wy no krekt: dat de minsken har stadichoan ûntwikkelje, goed ûnderwiis folchje, in goeie baan krije en sa meibouwe oan dit lân? Of neat fan dat allegearre en hingjen bliuwe yn útkearingssitewaasjes of min betelle tydlike baantsjes?
    Dan sil der altiten noch in groep oerbliuwe dy’t ivich benaud en oeral op tsjin is en it leafst sjocht dat der hielendal neat feroaret. Ek dy sille der mei libje moatte dat de hjerringboer op de hoeke ekris mei pensjoen giet en dat dan de kâns like grut is dat dêr in HIndoestaansk moadewinkeltsje yn komt of in Halal slachter. Nije tiden, nije minsken, nije kânsen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.