In grut Frysk-Latynsk wurdboek

july 4, 2011 07:07

LJOUWERT – It earste grutte wurdboek fan it Frysk is skreaun troch de Grouster dûmny Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869). Halbertsma, dy’t by it grutte publyk benammen bekend wurden is troch de ferhalebondel Rimen en teltsjes, dy’t er mei syn bruorren Eeltsje en Tjalling skreaun hat, hat it wurdboek nea ôfmeitsje kinnen. Miskien kaam dat wol trochdat er te folle opnimme woe en net hiel systematysk wurke. Dat tocht yn alle gefallen syn soan Tjalling, dy’t it wurdboek trije jier nei syn heit syn dea útjûn hat.

Wêrom yn it Latyn?

Anne Dykstra fan de Fryske Akademy is op 30 juny promovearre op syn ûndersyk nei it Lexcion Frisicum, sa as Halbertsma syn wurdboek neamd waard. Dykstra beskriuwt hoe’t Halbertsma net allinne it moderne Westerlauwersk Frysk opnaam, mar ek it Easterlauwersk en Noard-Frysk en sels it Aldfrysk, al hat er fan dat lêste net in hiel soad wurden opnommen. Dykstra ferwûnderet him deroer dat Halbertsma alles sels útsykje woe en bygelyks amper Noard- en Eastfryske wurden út besteande wurdboeken oernommen hat.

De fiertaal fan it Lexicon Frisicum is Latyn. Halbertsma hat dêr by libben in protte kommentaar op krigen omdat it wurdboek yn dy taal foar de gewoane Fries ûntagonklik wurde soe. Dykstra beskriuwt dat Halbertsma wol wraksele hat mei de taalkar, mar úteinlik dochs keazen hat foar it Latyn om sa in ynternasjonaal publyk fan taalkundigen te berikken. Hy rûn wol tsjin it probleem oan dat net alle wurden maklik yn it Latyn oer te setten wiene. Dêrtroch doge de omskriuwings net altyd en soms binne se tige omslachtich.

Fize wurden

In byeffekt fan de kar foar it Latyn is dat Halbertsma as earste ek allegear ‘fize wurden’ yn syn wurdboek opnaam. Der steane safolle skelwurden, flokken, wurden foar geslachtsdielen, seksuele aktiviteiten en lichemssoppen yn dat Halbertsma der wol fertocht waard in bysûndere belangstelling foar seksuele saken te hawwen. Neffens Dykstra wie it makliker om in Latynske omskriuwing fan sokke wurden te jaan as ien yn in libbene taal lykas Nederlânsk of Dútsk, omdat fize wurden yn dy talen dochs mear in taboekarakter hiene. Dat docht ek bliken út Halbertsma syn oantekens: de measte Fryske wurden hat er foar himsels earst yn it Nederlânsk oerset, wylst er fize wurden streekrjocht yn it Latyn oerset.

Frysk as basis fan it Ingelsk

Halbertsma gie derfan út dat it moderne Ingelsk in grut part fan syn wurdskat út it Frysk ûntliend hie. Hy brûkt in soad Ingelske foarbylden om de relaasje tusken de twa talen sjen te litten. Dykstra lit sjen dat Halbertsma navenant wol in hiel soad Ingelske foarbylden brûkt, ek wêr’t dat net echt nedich is. Neffens Dykstra wie Halbertsma der hiel grutsk op dat der safolle Frysk yn it Ingelsk siet, al hie er dy taal sels net goed yn ‘e macht. Dykstra tinkt dat Halbertsma hope dat Ingelske taalkundigen ek gebrûk meitsje soene fan syn Lexicon om de etymology fan Ingelske wurden te efterheljen.

Dykstra syn proefskrift hjit fan J.H. Halbertsma als lexicograaf: studies over het Lexicon Frisicum (1872). It is yn syn gehiel op ynternet te besjen op de site fan de Universiteit fan Amsterdam. Klik hjir om it besjen.

july 4, 2011 07:07
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Daan july 4, 20:33

    ”Latyn” graach, sûnder -sk 😉

  2. redaksje july 4, 20:57

    @Daan: it haadwurd is “Latyn” en it eigenskipswurd, dat hjir brûkt wurdt, is “Latynsk”: “De Bibel waard oerset yn it Latyn en dy Latynske oersetting hjit fan Fulgaat.”

  3. A. van der Meer july 15, 22:15

    Der is ek in wurdboek Frysk – Deensk. It is yn de âlde stavering. It is skreaun fan Tams Joergensen en Teake Hoekema. Is is útjûn fan Wolters Noordhoff te Grins (Groningen). It jier is 1968.

  4. mbc84 july 15, 22:50

    en wisten jim ek dat der in Frysk-Japansk/Japansk-Frysk wurdboek is? Hitoshi Kodama hat it makke. Prachtich om soks te fertellen. Friezen binne fernuvere. Hollanners steane noch perplekser, hoe kin immen ‘überhaupt yn dat dialekt ynteresearre wêze’ (de arrogânsje/oergeunstigens dript dan altiten fan harren ôf)

  5. Piter july 16, 01:41

    Set dy hiele brot mar online. Ik fyn it wol moai om der nei te sjen…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.