Goed nijs foar Cambuur

july 30, 2011 17:23

Der binne al fjouwertûzen seizoenskaarten ferkocht. Ferline jier waarden yn totaal 4500 ferkocht. De klup ferwachtet dan ek dit jier mear te ferkeapjen. Dat komt neffens de klup goed út. De finânsjes binne noch net hielendal op oarder en wat mear kaarten der ferkocht wurde wat better it is.

Cambuur iepene sneontemiddei de doarren foar fans. Bern koenen hantekenings krije fan harren favorite spilers. Op de west-tribune waard in kwis en in supporters-enkête holden. Om fiif oere wie de iepen middei dien.

july 30, 2011 17:23
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Njirre july 30, 22:18

    Cambuur, kin men dat ite?

  2. Rint july 31, 00:51

    @Njirre (ADD-er?); Wat sil dit!? Hat de skier/fet gedachte al net genôch strideraasje ûnder Friezen opsmiten? No mar oer de boech fan Cambuur/It Fean? Dan woe’k leau’k net sa grutsk wêze op it fan it Fean kommen, Njirre,… Weinich sportyf. En ik mar miene dat minsken hjir op de side no krekt wat mear de bining mei inoarren sykje…. Alwer teloarsteld… Wenje jo trettjin jier yn Hollân, flechtsje jo werom foar wat mear ynterminsklik omtinken,… Moat der foar guon dochs wer twaspjalt wêze,…
    Nuvere jonges, dy Friezen

    Ik fyn’t moai foar Cambuur. En nee,… Fuotbal kin my mar in ferrekt lyts bytsje skele,….

  3. Ferjo july 31, 09:51

    @Rint Do bist oars wol ferrekte fûl oer dat fuotbal, it is mar in sport. En dat ADD’er gedoch slacht al hielendal nergens op.
    Wat meisto dan wol ha ADHD?

    Kom op, lit ús it fatsoenlik hâlde

  4. Rint july 31, 17:51

    @Ferjo; al eefkes myn wurden lêze. Ik ha neat mei fuotbal. It add hat wat ympulzen te meitsjen. En JA ik bin ek sa’n ien, add-er, mei heech sensitive ,ass en adhd komponint. Ik mei saken graach wat skerp stelle, mar om my om ien kear uterjen oer fuotbal (en net iens ynhâldlik) fuort en daliks fûl te neamen? Bytsje koart troch de bocht…
    Ik fyn it gewoan wat nuver en oanstjitlik dat guon Fean supporters hast wat elitêr dogge oer har klupke en it earste slachtoffer dat dan makke wurde moat, liket Cambuur te wêzen. Dêrmei lykje de sportive aspiraasjes fan Cambuur net al te serieus nommen te wurden.
    Mei dat add haw ik ek in pestferline en mei graach foar de underdog stean. En dat wie myn ympuls. Myn ekskuzes as ik minsken misledige haw! Neffens my wie’k hiel fatsoenlik. In fraach oft je Cambuur ite kinne, ropt dan wol oare fragen op oer fatsoen…
    Ik woe dan ek útnoegje om nochris te reagearjen nei’t dyn earste ympuls wat delbêde is.
    De gjalp oer add wie ek mear as fraach op nijsgjirrigens nei in wurdgrapke,… Njirre-adder.
    Hâld it himd mar oan!

  5. Ferjo july 31, 20:48

    Ik ha gjin ferstân fan fuotbal en wol der dan ek niks mei te dwaan ha. En wit ek net wa’t supporter fan wa is op dizze site. En earlik sein seit it my neat. Lit we it der ophâlde dat we beiden de oar net begrepen ha.

    Derneist kinst by Cambuur kin men dat ite, ek tinke oan de maskotte of wat it ek wêze mei op de foto.

  6. Njirre july 31, 22:09

    Ik wit ek net, wêrom’t ik dat sein ha, faaks komt it troch myn giftosk en jou no sels ta, it soe dochs in moaie namme foar in koeke wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.