Fryske Ballonfeesten op De Jouwer in súkses

july 29, 2011 16:12

In perfekte feart hat derfoar soarge dat de twadde dei fan de Fryske Ballonfeesten op De Jouwer goed beteard is. Hast alle ballonnen binne de loft yn gien. Der stie oan it begjin fan de jûn in stevige wyn dy’t letter belune. De earste ballon dy’t de loft yn gie wie de Calimero-ballon. De ballon kliuwde rêd yn ‘e hichte en wie op de baan al gau net mear te sjen. De wyn stie net hiel geunstich, omdat de ballonnen lyk op de Tsjûkemar oan fearen. Dat sadwaande sette de piloat fan de pau de ballon krekt bûten De Jouwer al op de grûn del. It wie doe al let en hy ferwachte net mear oer de mar te kommen.

Wylst de ballonnen omheech gienen, fleach de Frânsman Christian Moullec mei syn deltafleaner en syn guozzen oer it fjild. It is in prachtich gesicht.

De ferwachtings foar jûn binne goed. Spitich is wol dat der in protte bewolking is. De Fryske Ballonfeesten op De Jouwer duorje oant snein.

july 29, 2011 16:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.