Foarsitterskip Deutsche Bank no duobaan

july 26, 2011 01:15

FRANKFURT – De Deutsche Bank kriget in foarsittersduo. De Yndiër Anshu Jain (1966) en de Dútser Jürgen Fitschen (1948) nimme yn 2012 it foarsitterskip oer fan Josef Ackermann, dy’t nei tsien jier oan ‘e top fan DB oerstapt nei de rie fan tafersjoch fan deselde bank. Hy ferlit syn post in jier earder as er fan doel wie, om’t de rie fan tafersjoch it hjoeddeiske lid Clemens Börsig graach slite wol.

Jain jildt as in finansjeel sjeny. Sûnt 1995 wurket er foar de Deutsche Bank. Hy is de suksesfolste en bêst fertsjinjende bankmeiwurker fan Dútslân. Yn it jier 2005 wie er allinne ferantwurdlik foar de helte fan de winst fan de bank. Hy wennet op it stuit yn Londen. Fitschen wurket sûnt 1986 foar de Deutsche Bank en hat direkteur fan ferskate ûnderdielen fan de bank west.

july 26, 2011 01:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.