Flaamske bern gâns boekjetûker as Waalske

july 12, 2011 12:34

BRUSSEL – Flaamske bern hearre by de bêste lêzers fan Europa. Hja dogge it folle better as de Waalske bern, dy’t ûnder de Europeeske trochsneed sitte.

Flaanderen stiet nei Finlân en Estlân op it tredde plak fan goede lêzers yn de Europeeske Uny. Mar 13% fan ‘e fyftjinjierrigen hat lêsswierrichheden. Yn ‘e hiele Uny binne dat 20%. Yn Walloanië hat 23% it dreech mei lêzen. By de Dútsktalige Belgen is it 19%. By Nederlânske bern hat 14% lêsproblemen. De measte Europeeske lannen skoare boppe de ynternasjonale trochsneed. Utsûnderingen binne Roemenië, Noarwegen en – op ‘e nij – Walloanië, dy’t ûnder oan de Europeeske skoarelist bongelje.

De sifers datearje fan twa grutte stúdzjes út 2009 en wurde gearbrocht yn in dossier fan it Eurydice-netwurk dat tiisdei ferskynd is. It lit sjen dat allinne Finlân, Estlân, Nederlân en Flaanderen minder as 15% minne fyftjinjierrige lêzers hawwe. De Europeeske Uny stribbet dernei om yn alle lannen ûnder dat persintaazje te kommen.

Yn in reaksje op it dossier neamt de Europeesk komsaris foar ûnderwiis en meartaligens Androula Vassiliou it “ûnakseptabel dat safolle jongelju yn Europa net goed lêze en skriuwe kinne.” Neffens har rinne hja it risiko fan sosjale útsluting omdat se net maklik in baan fine.

Klik hjir om it dossier fan it Eurydice-netwurk te lêzen (pdf).

july 12, 2011 12:34
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Tako july 12, 13:34

    Lytse korreksje, neffens it rapport helje Nederlanske bern 14,3% en net 20% sa as yn it boppesteande neamd, dus mar justjes mear as de Flaamske bern. (Fig. 2, side 21).

    Miskien is it Nederlansk makliker te lezen as it Fransk? Spitich dat der gjin getallen oer lesfeardichheid fan it Frysk binne, alteast net yn dit rapport.

  2. Binne july 12, 14:33

    Ja dat fyn ik ek spitich, wy binne oare minsken as de Hollanners.. Soe dêr wol wat oer te finen wêze?

  3. Jeska .......Kopvoeters. july 12, 21:08

    Weten jullie dat ,Kopvoeters, inmiddels door de Belgen ontdekt zijn, besteld en voorgelezen worden !!!!!!
    De interesse van kinderen voor lezen begint uiteindelijk met goed voorlezen.
    Gefeliciteerd kinderen in Flaanderen !!!!!!!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.