EU & NL ienriedich oer Grykske stipe
Resint ferskynd
BRUSSEL/DE HAACH – Der is gjin ferskil fan miening oer Grykske stipe tusken Nederlân en oare EU-lidsteaten. Dat skriuwt minister De Jager yn in brief nei de Twadde Keamer. Premier Rutte hie it ferline wike oer in bedrach fan 109 miljard euro stipe, mar syn kollega’s fan oare lannen hienen it oer 159 miljard euro. Neffens it kabinet ûntstie der betizing om’t de bydragen fan oerheden en banken trochinoar rinne. Boppedat is der sprake fan twa perioaden. By einbeslút sille de oerheden 109 miljard opbringe. De banken betelje harren bydrage apart en komt dus noch by de 109 miljard euro dy’t oerheden no al tasein hawwe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje