Drok mei yn ‘e stokken hâlden finânsjes

july 24, 2011 17:45

De Europeeske regearingslieders binne frijwat selsfoldien om’t hja ôfrûne wike it fallisemint fan Grikelân opkeard hawwe. Mar wylst ekonomen twifelje, wankt it fallyt fan de grutste ekonomy yn de wrâld.

Der is noch hieltyd betizing oer it ôfsletten akkoart yn Brussel. De slotferklearring fan de dêr holden top fan regearingslieder wol ha dat it yn de nederklits rekke Grikelân nochris 109 miljard kriget, mar is dat no ynklusyf in bydrage fan 50 miljard fan ‘e banken (lykas Nederlânsk foarste minister Rutte úthâldt) of eksklusyf sadat it folsleine bedrach op 159 miljard útkomme soe (neffens de ynterpretaasje fan de Europeeske Kommisje)? Dúdlik is al dat Grikelân, krekt as Ierlân en Portugal, langer rinnende lienings en legere rintes kriget. It Europeesk needfûns waakst út ta in folsleine ekonomyske helpferliener, dy’t skielk obligaasjes opkeapje, kredyt ferliene en banken stypje kin. De beurzen reagearren posityf op it Europeeske akkoart en de ekonomen binne ek net ûntefreden mar guon hawwe noed dat it Europeeske needfûns, dêr’t op it heden € 750,- miljard ynsit, noch hieltyd net grut genôch is. De Belgyske heachlearaar ynternasjonale ekonomy Paul de Grauwe: “Aanst komt der in nije krisis en dan sil earst kediisd wurde oer in fermannichfâldigjen fan it needfûns. Om’t dêr net oan te ûnkommen falt, hienen hja better fuortendaliks trochpakke kinnen.”

In nije krisis soe út ein sette kinne troch twifel oer de kredytweardigens fan de Feriene Steaten. De Amerikaanske skulden fleane omheech en as de ôfsprutsen skuldebeheining net ferromme wurdt, kin it lân net mear oan syn betellingsferplichtings foldwaan. Presidint Obama wol it skuldeplafon dêrom ferheegje. Mar dêr hat er de republikeinske opposysje foar nedich en dy wol allinnich meiwurkje as Obama ôfsjocht fan syn foarnimmen ôf te weven mei belestingsfoardielen fan rike Amerikanen. Op dit stuit prate de republikeinske en demokratyske folksfertsjintwurdigers mei elkoar, mar de klassike polityke tsjinstellings bliuwe in foarname tûkelteam: de republikeinen wolle fykje yn de oerheidsútjeften en de demokraten wolle ek belestingsferhegings ynsette as medisyn.

Learn more about
us debt.

De aktuele stân fan de Amerikaanske oerheidsskuld sit al om de limyt fan $ 14,3 biljoen hinne. De partijen hawwe noch oant 2 augustus om it iens te wurden. As foar dy tiid net akkordearre is, kinne op dat stuit de Feriene Steaten harren rekkens net meat betelje.

july 24, 2011 17:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ferjo july 24, 19:45

    allinnich in krisis, of nei de krisis in kâns foar Europa.
    Dat is te hoopjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.