De kompjûter kin jo hân bestjoere

july 28, 2011 09:30

TOKYO – Elkenien kin gitaarspylje, sels minsken dy’t hielendal gjin gefoel hawwe foar muzyk. Mei in nije Japanske útfining kin elkenien omtrint alles mei de hannen. De saneame ‘beseten hân’ is in bân dy’t men om ‘e pols dwaan kin. Troch elektryske stroomkes wurde de spieren fan de fingers oanspand. In kompjûter kin derfoar soargje dat wa’t de bân draacht in beskate wize op in ynstrumint spilet.

De universiteit fan Tokyo hat ferskate proefpersoanen in snaarynstrumint bespylje litten. De spierspanning fan de beseten hân is net sterk genôch om lûd út de stive snaren te krijen, mar de spilers fielden wol hokker finger besocht om in snaar oan te slaan en moasten sels wat druk sette.

De proefpersoanen seine dat se it gefoel tige nuver fûnen dat harren fingers beweegden sûnder dat se it sels woene. Neffens Emy Tanaky, de útfiner fan de beseten hân, is syn ûntdekking net allinne hannich by de muzykles, mar benammen ek om minsken te helpen dy’t troch in medyske oarsaak de hân net of net goed bewege kinne.

july 28, 2011 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.