CO2 nei de see tôgje?

july 7, 2011 07:53

Nei reboelje yn Barendrecht en it Noarden wol minister Verhagen fan Ekonomyske Saken it broeikasgas CO2 ûnder de seeboaiem bedobje. Is dat in goed idee? Wageningen World, in blêd fan Wageningen University en Research centre, lei dy fraach foar oan fjouwer saakkundigen.

Eelco Leemans, direkteur fan Stichting De Noordzee: “Altiten komt de see yn byld as de swierrichheden op it lân te dreech wurde. Mar lekkerij fan CO2 út it reservoir kin slimme fersuorring teweibringe. In protte seebisten, lykas skaaldieren, binne de kalk [dat troch it soer weiwurdt, redaksje] yn it wetter o sa fanneden foar de opbou en it ûnderhâld fan harren skelet.”

Chris Karman, ûndersiker by IMARES, ynstitút foar see-ûndersyk: “De kâns dat gas fuortlekt út ieuwenâlde reservoirs is frij lyts. En as it him al foardocht, sille der heechút pleatslik skealike effekten optrede.”

Jan Brouwer, manager fan it CATO-2 programma, in gearwurkingsferbân fan oerheid, bedriuwslibben en ûndersykynstellingen, dêr’t de mooglikheden fan it opheinen, transportearjen en opslaan fan CO2 yn bestudearre wurde: “It is om ferlitten gasfjilden te rêden. Wy ha de gaadlikste lokaasjes soarchfâldich selektearre. Dy fjilden binne al hûndert miljoen jier gasticht. Oars hie der nammentlik gjin ierdgas yn sitten.”

Rik Leemans (net besibbe oan Eelco), miljeuheechlearaar oan de Wageningen Universiteit: “It ôfheinen en opslaan fan CO2 betsjut just it tsjingean fan fierdere fersuorring fan it seemiljeu. Want yn de lucht útstjitte koalsoergas wurdt buffere yn ‘e oseanen, mar dy wurde dêrtroch ûnmiskenber soerder.”

Eelco Leemans: “CO2-opslach is benammen in ekskús foar it bouwen fan mei koalen stookte elektrisiteitssintrales.”

Chris Karman: “Permanint alle CO2 opslaan is ûnmooglik, allinnich al om’t der te min feilige reservoirs yn de wrâld binne om as opslachplak te tsjinjen. Boppedat soene dy depots ier of let fol reitsje. By einbeslút giet it derom dat we duorsume boarnen foar ús enerzjyferlet brûke, lykas sinne, wyn, tijstreamenerzjy en biomassa en fansels dat we enerzjy besparje troch effisjintere prosessen te ûntwerpen.”

Jan Brouwer: “Mei CO2-opslach keapest tiid om ta werklike oplossingen te kommen. Ferlykje it mei in roeiboat dy’t lek rekket, wylsto midden op ‘e mar dobberest. Dan moatst eazje om oan wetterskant te kommen. Moatst net tsjin it eazjen oan hakketakje, oars bist al fersûpt foardatst de wâl berikst.”

Eelco Leemans: “In fearn fan de troch in koalesintrale wûne enerzjy is nedich foar de CO2-ôfheinerij.”

Jan Brouwer: Dat is sa. Krekt as foar de bou fan in wynmûnepark enerzjy nedich is en net lang lyn it meitsjen fan sinnesellen noch in slompe enerzjy ferge. Mar oan it út reekgassen fan raffinaderijen, elektrisiteitssintrales en ôfeartferbrâners heljen fan SO2 en NOx hinget ek in pittich priiskaartsje. Yn it ramt fan it tsjingean fan fersuorring hawwe we lykwols ôfpraat dat we dat jild gewoan betelje. En sa moat it mei CO2-opslach ek komme.”

Rik Leemans: “Fansels kostet it in pear sinten. Mar ja, auto’s soene ek in stik goedkeaper wêze en suniger ride as alle knûkelsônen en luchtpûden weilitten waarden. Feiligens is ús blykber wat wurdich. Yn gasreservoirs sit it koalsoergas yn prinsipe foar miljoenen jierren opsletten. Soest it by wize fan sizzen wer fleane litte kinne as de ierde ea ôfkuollet en we yn in iistiid bedarje.”

Sjoch ek: CO2-lûk (2)

july 7, 2011 07:53
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Binne july 7, 09:21

    Ik snap ien ding net,
    C02 wurd spesjaal makke foar brânblussers, frisdrank, om kofje mei te ûntkafeïnen of droech iis fan te meitsjen.. Mar C02 wat út fabriken komt (lyk itselde guod) mat opslein wurde?

    Plantsje mear bosken by yndustry mêden en sla in diel op foar de ‘C02 yndustry’ en lit wat oerbliuwt mar fleane.

    In âld skoalmaster fan my speute 1 kear yn ‘e wike in bytsje C02 út in blusser yn syn kas om de plantsjes better te litte waechsen.
    Myn âlde buorfrouke dy helle altyd in kopke izer rust (mei ek net yn’e natoer yn ferbân mei miljeu geëamel) by ús wei foar by har blommen yn it potsje sadat se moaiere blomkes krych, kleuren wurden in soad moaier.

    Dat hiele miljeu gedoch binne wy hjir net noadich, en al hielendal hjir net yn Fryslân!

    En at it earne opslein mat wurde dan wurd it hjir by ús yn’e waadsé dien, want foar Skeveningen kin soks wis wer net.

  2. Sybren july 7, 09:36

    Is is allang dúdlik dat Verhagen wat tefolle bannen hat mei de oalje-yndustry, dy’t miljarden fertsjinje kin oan de CO2-plannen. Hâld op mei dy jildfergriemerij!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.