Breivik hie mear doelen

july 30, 2011 10:28

OSLO – It plan fan de ekstreemrjochtse Anders Behring Breivik omfieme ek it Paleis fan Oslo en it partijhûs fan de sosjaaldemokraten. De terrorist koe syn plannen om ”logistike problemen” net trochsette. Dat makke de Noarske krante VG sneon wrâldkundich. Breivik hat ferline wike freed 77 minsken deamakke mei in bom yn de haadstêd Oslo en in slachting oanrjochte op it eilân Utoya. Syn abbekaat fertelde oan de VG dat de plysje it deadetal oan Breivik meidield hat. ”Ik koe gjin reaksje by Breivik sjen. Der wie gjin glimk mar ek gjin teken fan teloarstelling”, sei syn ferdigener. It motyf foar Breivik wie dat er de sosjaaldemokraten ”sa hurd mooglik” treffe woe.

Sjoch ek: It folsleine Breivik-dossier fan It Nijs

july 30, 2011 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.