Ûnderwiisassistint kin net begripend lêze

july 28, 2011 21:30

Noch net de helte fan de ûnderwiisassistinten op Amsterdamske basisskoallen hellet in foldwaande foar in toets begripend lêzen. Fan de 164 toetste assistinten helle mar 42 persint in foldwaande foar it begripend lêzen, 84 persint helle in foldwaande foar lêzen en sân fan de acht slaggen foar it skriuwen.

Dat blykt út in ûndersyk fan de koepelorganisaasje foar Amsterdamske skoalbestjoeren yn it primêr ûnderwiis.

Ûnderwiisassistinten stypje de learkrêften yn it basisûnderwiis. Sy ha op syn minst in mbo-diploma nivo fjouwer (it heechste nivo). De Amsterdamske wethâlder Lodewijk Asscher (edukaasje) liet yn in reaksje op it rapport witte, dat der wat him oanbelanget gau wat feroarje moat. “Ik eis dat scholen ervoor zorgen dat leidsters zelf de taal beheersen en zal dat ook scherp in de gaten houden.” De taalnoarm yn de toets slút oan by de nije eksameneasken, dy’t fan it skoaljier 2013-2014 ôf oan mbo’ers steld wurde. Dy noarm is heger as de noarm dy’t no noch hantearre wurdt. Yn novimber komt der in nije toets, dêrnei ferskynt in folsleine rapportaazje oer it taalnivo fan ûnderwiisassistinten. Amsterdam wurket oan in ambisjeus plan om de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferheegjen. Sa is der in soad omtinken foar it ferbetterjen fan it risseltaat fan de Cito-toets, de jierlikse eintoets foar bern út groep 8 fan de basisskoalle. Dat belied docht fertuten, want de lêste jierren binne de skoares alle kearen heger as it jier derfoar.

july 28, 2011 21:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.