‘Simmer’ wurdt Omrop Fryslân simmerhit

july 18, 2011 19:31

The Howdy Boys winne de Simmerhit-finale

Ut hast 100 útstjoerings en 6 finalisten is it nûmer ‘Simmer’ fan de band The Howdy Boys keazen as Simmerhit 2011 fan Omrop Fryslân. De sjuery fan de Simmerhit-wedstriid makke de winnende hit fan ‘e middei live bekend yn radioprogramma Noardewyn. De nije simmerhit sil de kommende wiken yn de Simmer-yn-Fryslân kampanje alle dagen te hearren wêze op Omrop Fryslân radio en televyzje.

De Simmerhit-talintejacht foar Simmer-yn-Fryslân 2011 wie in grut sukses. De sjuery bestie út sjongeres Carin Seegers, muzykpresintator Arjen Overmaat en muzykproducer Martijn Engbrenghof, dy’t sels ferskate simmerhits op syn namme stean hat. Ut it grutte tal ynstjoerings keazen sy de finalisten dy’t de ôfrûne wiken live optreden hawwe yn it radioprogramma Noardewyn Live en it televyzjeprogramma Simmer yn Fryslân Live. It ferskaat yn de nûmers wie grut en dat makke it foar de sjuery dreech om it bêste nûmer te kiezen. “Wy hawwe by de seis optredens benammen tocht om it live aspekt. Live jout krekt dat ekstraatsje dêr’tst fleurich fan wurdst. It giet ek om it gefoel datst derby krigest en de enerzjy dy’t de band jout. It nûmer fan The Howdy Boys past hiel goed by it simmergefoel”.

The Howdy Boys bestiet út Sake Hijlkema (akoestysk gitaar), Theo Smit (kontrabas) en Jan Peter Woudstra (mandoline). Fan ‘e middei waard foarman Sake Hijlkema troch de Omrop oerfallen op de Prof. Wassenberghskoalle yn Lekkum, dêr’t hy learaar is. Hy krige it goede nijs te hearren fan sjueryfoarsitter Carin Seegers en ferslachjouwer Roelof Lousma. The Howdy Boys spylje harren nûmer yn de radio- en televyzjeútstjoering fan freed 22 july yn Snits, dan wurdt de klip ek opnaam.

De sjuery sjocht mei nocht werom op de muzykstriid. “It is prachtich om te sjen dat der safolle minsken dwaande binne mei Fryske muzyk. It docht jin dochs wol wat dat minsken harren sa bot ynsette en de muoite nimme om mei te dwaan oan dizze talintejacht. Dus wa wit, takom jier wer!”

july 18, 2011 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.