Zylstra set Tryater de foet dwers

juny 27, 2011 20:30

DE HAACH – De Nederlânske steatssekretaris fan kultuer Halbe Zylstra sjocht gjin needsaak om Tryater yn de basisynfrastruktuer op te nimmen. VVD, PvdA en PVV yn de Twadde Keamer hawwe dêr moandei om frege, mei’t Tryater fan grut belang is foar de Fryske taal en kultuer. Selskippen yn de basisynfrastruktuer krije strukturele stipe fan it Ryk.

Zylstra is sels in Fries, mar hy fynt Tryater foar de Nederlânske kultuer as gehiel net wichtich genôch om it selskip struktureel subsydzje te jaan.

juny 27, 2011 20:30
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. sybren juny 28, 10:38

    En dermei is oantoand dat de Fryske kultuer bij de Steat net yn goede hannen is

  2. mbc84 juny 28, 13:11

    hihi Sybren, dat is dochs net nij… it hat by dat Haachske guod nea yn goede hannen west… De iennigen dy’t der oer te set gean moatte soenen, dat binne wy sels! Hoe kinst fan frjemden ferwachtsje oer dyn guod te weitsjen? Dy Halbe, dat is in neppert, komt leau ik fan ‘e Stellingwarfen, hat neat mei it Frysk/Fryslân, is folslein ferhollânske, it úteinlike doel fan de Haachske binde..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.