Tryater set it yn ‘e kant

juny 27, 2011 19:54

LJOUWERT – Twa bussen mei akteurs, muzikanten en oare meiwurkers fan Tryater binne moandei om 10 oere rjochting Den Haach gien. De organisaasje hie eins wol wat mear animo ferwachte. Op it Malieveld sille se protestearje tsjin de besunigings op kultuer.

De aksje is organissearre troch FNV Kiem. De Twadde Keamer praat om 15.30 oere oer de kultuernota. Ek as Tryater troch de moasje fan VVD, CDA en PVV strukturele rykssubsydzje behâldt, moat it selskip dochs flink besunigje.

Der is krityk op it rêdingsplan fan Tryater. De opposysjepartijen yn de Twadde Keamer binne min te sprekken oer it plan fan de koälysje om jild frij te meitsjen foar Tryater. De partijen begripe net dat allinnich regionale selskippen rêden wurde en gjin selskippen út de Rânestêd.

In mearderheid is lykwols foar it rêdingsplan, wêrtroch Tryater nei alle gedachten bestean bliuwe kin. Yn de Keamer wurdt moandei debatearre oer de kultuerbesunigings.

(Boarne: Omrop Fryslân)

juny 27, 2011 19:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.