Hast in tredde skriuwt al Frysk

juny 3, 2011 01:00

LJOUWERT – Fan de ynwenners fan Fryslân kin ûnderwilens sa’n 30% frij aardich oant hiel goed Frysk skriuwe. Yn 2007 wie dat noch 21% en yn 1994 17%. 12% fan de Friezen seit sels dat er de taal “tige goed” skriuwe kin. Dat docht bliken út in grutskalich ûndersyk fan de provinsje Fryslân.

Foar de saneamde fluchhifking hat de provinsje goed trettjintûzen minsken frege nei harren behearsking fan it Frysk. It die bliken dat it tal minsken dat Frysk ferstiet, praat en lêst al tsientallen jierren stabyl is. It oanpart âlden dy’t Frysk mei de bern prate is nei in delgong yn de jierren ’90 no wer stabyl en sit om de 50% hinne. As wy sjogge nei de memmetaal, dan bliuwe de Frysktaligen fierwei de grutste groep, justjes mear as de helte fan de befolking. In lytse 40% praat fan hûs út Hollânsk en sa’n 10% wat oars (streektaal of bûtenlânske taal).

De Frysktalichste gemeente is en bliuwt Dantumadiel. 84% fan de minsken praat dêr Frysk. Yn Weststellingwerf is dat persintaazje it lytst: 16%. It Bilt blykt fierhinne ferfryske: mear as de helte fan de Biltkers hat it Frysk as memmetaal. Yn de Stellingwerven is it Hollânsk de dominante taal wurden. De streektalen Biltsk en Stellingwerfsk hawwe net mear safolle sprekkers. It Biltsk is noch it sterkste: op it Bilt praat sa’n 20% dy taal.

Yn it ûnderwiis feroaret in soad te’n goede, sa lit de provinsjale fluchhifking sjen. 12 gemeenten hawwe trijetalige basisskoallen binnen harren grinzen en yn mar leafst 18 gemeenten binne Frysktalige of twatalige boartersplakken. Sân gemeenten hawwe alle Fryske plaknammen offisjeel makke. Yn de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân binne de offisjele nammen foar in part yn it Frysk en foar in part yn it Nederlânsk. De gemeenterie wol dat ynearsten sa litte.

Spitich is dat yn in protte media it sifer fan de 12% tige betûfte Fryskskriuwers opdûkt. It wurdt sa foarsteld as soe de oare 88% it Frysk hielendal net skriuwe kinne. De opgeande behearsking fan it Frysk skriuwen wurdt yn de berjochtjouwing skoudere. It liket derop as hawwe de kranten it ûndersyk net efkes ynsjoen.

De ûndersyksgegevens binne te finen yn de De Fryske taalatlas 2011. Dy is hjir te finen (PDF). In papieren ferzje is by de provinsje Fryslân te besetten.

juny 3, 2011 01:00
Skriuw in reaksje

19 opmerkingen

  1. André van der Meer. juny 3, 00:35

    Dat liket mar tige goed!

  2. Lútsen Bakker juny 3, 15:33

    Dit is no nijs dat my bliid makket. Acht fan de tsien kinne Frysk lêze; dat betsjut 80.000 fan de 100.000 X 6 = 480.000 fan de 600.000 ynwenners dy’t Fryslân hat, kinne Frysk sûnder tefolle ynspanning lêze. In tredde fan de krante-artikels soe winlik neffens dy sifers no al yn it Frysk wêze moatte, as de kranten meigean soene mei dizze maatskiplike ûntjouwing. Mar dy kant wolle hja net op, sa’t it skynt. Dat sil de reden wol wêze dat se it skouderje. Mar as skielk dit persintaazje noch fierder stiicht, sil der úteinliken dochs in omslachpunt komme moatte by de redaksjes fan kranten.

  3. Meindert juny 3, 17:46

    Do hast hielendal gelyk, Lútsen! De media soene ek meigean moatte. Op himsels is dit fansels in geweldige ûntwikkeling, hoopje dat it goed trochsette sil.

  4. Anonym juny 3, 18:32

    It is moai. Mear frysk yn’e krante soe bêst kinne. Ut en troch reklame foar de Fryske Wikipedy soe ek moatte.

  5. Johan juny 4, 09:18

    Ik fyn it wol bysûnder dat it iene nijs it bringt as wie it Frysk oan it útstjerren en hjir wurdt it neffens my hiel feitlik brocht. Ik haw de útkomsten fan it ûndersyk ek besjoen. Ik fyn dat frjemd dat de Ljouwerter en Omrop Fryslân sa negatyf binne. Wat is dat dochs, soe it gewoan sensaasje wêze of sokssawat?

  6. Erwin2.0 juny 4, 23:56

    Wat te tinken fan diskriminaasje? Wy brûke it wurd net sa graach, mar it omskriuwt wol de feitlike situaasje.

  7. Henny juny 6, 11:13

    Frysk is dochs net oan “t ûtsjerren? Ik wenje yn Hollân en bin lid fan de Fryske Krite Leiden. Wy prate op die jounen mei ûs allen sa folle mooglik Frysk, Mar der binne hast gjin jonge leden en derom tink ik dat de jongelju hast net meer Frysk prate as se yn Hollân wenje.Dat is o sa spitich.
    De Fryzen yn Fryslân matte ûs memme taal beslist heech hâlde! Propaganda meitsje op de skoallen en foaral meer Frysk yn de kranten.

  8. Cees juny 6, 13:59

    Der wurdt tsjintwurdich wol folle mear oan Frysk dien op skoallen. Net op alle skoallen, mar it is better as eartiids.

  9. Ferjo juny 6, 14:03

    @Henny, ja allegearre leuk en aardich mar der moat wol jild foar wêze. En lit Nederlân no de ierkloarker fan de Frysken wêze dy’t al us jild yn de rânsted en De Haach pompket.

  10. Stellingwarver juny 8, 16:20

    Mooi dat et goed gaot mit et Fries.

    Mar mit et Stellingwarfs is et alliend mar minder wodden.

    Dat dommiet het die streek niks eigens meer.

    Ik wor daor niet bliede van.

  11. Roel juny 8, 16:33

    Stellingwarver: ja, dat is wol skande. Wêrom jouwe jim gjin Stellingwerfske les op de skoallen?

  12. Erwin2.0 juny 8, 18:54

    Do sjochst dat it Frysk dêr no krekt grutter begjint te wurden. De sifers fan it Stellingwerfsk fyn ik noch frij heech. Ik tink dat soks benammen te krijen hat mei de âlderein dy’t it Plat dêr noch brûkt. Dat is myn yndruk dy’t ik dêr krigen ha. Allinnich dêrom al sjoch ik amper/gjin perspektyf foar it Stellingwerfsk. Fansels wol spitich.

    Ik leau net dat dy tindins noch opkeart wurde kin. No is it de fraach wêr’t de minsken dêr no foar kieze, Frysk as Nederlânsk…

    Soe it net aardich wêze om oer te gean op it Frysk ynstee fan it Nederlânsk? Yn it Stellingwerfs sit ommers al in protte Frysk en it soe in better alternatyf wêze as de Nederlânske ienheidswoarst. Boppedat is it Frysk al aardich hiem yn dy kriten, seker ast nei Eaststellingwerf sjochst.

  13. Njirre juny 8, 19:31

    Myn Hollânsk is wol minder wurden, om’t op’e tillevyzje alles yn it Ingelsk is en ek it Frysk komme jo oeral tsjin. As immen tsjintwurdich ôfstudearre is, is dat in “master”. Wa hie dat ea tinke kind!

  14. Harke juny 18, 16:52

    De joechheiroppers hâlde der gjin rekken mei dat dit ûndersyk gjin folkstelling is (sa’t it ûndersyk fan Boelens ûnder de skoalbern yn 1953 dat ál wie). It is in “fluchûndersyk” mei in respons fan likernôch 50%. Men kin fan tinken wol hawwe dat de oanskreaunen mei in positive ynstelling foaroer it Frysk, réagerre hawwe en dat de oare helte dy’t minder of neat mei it Frysk hawwe, de enquête fuortsmiten hawwe. It is dêrom te ferwachtsjen dat de risseltaten positiver dan de wurklikhyd binne. En dan noch: it is in sels-beoardieling. Ik soe wolris sjen wolle wat it Fryskskriuwen fan al dejingen dy’t sizze dat se it yn’e macht hawwe, foarstelt. Wat ik dêrfan ûnder eagen krige, kin gjin besjen lije.

  15. Minke augustus 3, 22:22

    Is de diskusje no ynienen sluten? De wurklikhyd te skril foar dreamers en winskers? Myn eigen ûnderfining mei it Frysk yn ús femylje is djip tryst. Yn de jierren 50 heit,mem en njoggen bern, fansels allegearre fryskpratend. Sa hat it yn ús foarteam hûnderten jierren west. Lykwols, dy bern, wy dus as bruorren en susters, krigen mei-inoar tsien fryskpratende en sân hollânskpratende bern yn’e jierren 60-70. En dizze trêde ginneraasje hat no mei-inoar trije frysk- en tsien hollânskpratende bern. Moat ik jimme ferdútse hoe’t it aanst yn de fjirde ginneraasje klinke sil? Wat dan oer is fan it ieuwenâlde Frysk yn ús femylje?
    Is dit in útsûndering? Is it in algemiene trend? Dan is de ein yn sicht.

  16. Lútsen augustus 3, 23:53

    Minke: Jo sketse in situaasje sa’t dy yn in protte famyljes foarkomt hjoed-de-dei, ek yn uzes. Yn de jierren santich tochten in soad heiten en memmen dat se der goed oan diene, harren bern de kennis fan it Frysk te ûntkearen. Wat in begrutlik en pynlik fersin, want hjoeddeis docht út gâns ûndersiken bliken, dat twatalichheid de yntelliginsje oanfiteret.

    Friezen/zinnen dy’t tsjin my Hollânsk prate, antwurdzje ik fakentiids yn it Frysk. Ik haw my okkerdeis foarnommen tenei noch in stap fierder te gean, ik sil sizze: Ik ferstean dy net. Ris sjen, hoe’t se reagearje. Faaks wurde se der troch útdage en ferbrekke se har.

  17. Binne augustus 4, 08:20

    Juster wie ik by in pear minsken út it Hearrenfean (poerbêste minsken dêr net) en de heit, mem en soan praten alle trije Frysk, dochs prate se tsjin mekoar yn’t Hollânsk..en tsjin ús yn gewoan goed Frysk, It wie wat dêr’t ik my net mei de holle by koe.. Hjir yn Droegeham, Koatstertille en Harkema praat eltsenien gewoan Wâld-Frysk tsjin harren bern, want lytse bern dy’t hjir op’e basisskoalle Hollânsk prate wurde plêge troch Fryske bern.
    Frysk skriuwe en lêze dêrtsjin kin hast gjin ien om’t der mar 1 of 2 oerkes oan Frysk spandearre wurdt.

  18. Citrofyl augustus 4, 11:11

    No de fan hûs út Frysktalige buorfrou, dy’t mient dat de Memmetaal efterstân en minder mûglik súkses foar har neiteam jaan sil, noch oertsjûgje dat har Frollânsktalige opfieding fan de bern – Eltse dei û.o. om 17:30; “Jeltje, Binne en Gerben!! Kom in de huis!! Wij zullen eten!!” – op in noch grutter drama útdraait foar it kroast.
    Dy groeie op mei in Frollânske identiteit,… Fan alles neat 😛
    Twataligens wurke foar my dochs wat better as Healtaligens. Sa fernaam ik wol yn myn fjirtjin jier ferbliuwen yn Hollân (Hierlem, Dâlvert en Drekmar (haarlem, delft, alkmaar ;))
    De Frollanners bleauwen oeral wat tuskenyn hingjen. Gjin Fries, mar ek net in dúdlik definiearbere Hollanner,…. In bytsje as twadde generaasje ‘allochtoanen’? 😉

  19. Haije augustus 13, 12:31

    Einlings, de fuotten op’e grûn! De provinsje hâldt foar de bûtenwacht oer de moed der yn. Want aanst sizze se yn De Haach ek noch dat it wol minder kin. Wy moatte it provinsjale spul mar gewoan meispylje. Mar elkenien dy’t de earen iepen hat, kin witte hoe’t it Fryske lân de winliken hinne leit. Underling moatte wy it dêr oer hawwe, as wy it Frysk noch serieus nimme. En net ûnnoazele fluchûndersykjes foar wierhyd en takomst oannimme. It seit genôch dat ús eigen Fryske Akadeemje yn syn taalûndersyk allang net mear skerp oan’e wyn silet, duort te silen, ommers de boadskipper fan min nijs sil kylhelle wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.