EU: Ienriedich asylbelied

juny 1, 2011 09:08

BRUSSEL – De Europeeske Kommisje wol in ienriedich asylbelied foar de bûtengrinzen. Europeesk Kommissaris Cecilia Malmström bringt woansdei de plannen op it rabat. De betingsten foar it opnimmen fan asylsikers sille foar alle lidsteaten deselde wêze moatte. De Europeeske Kommisje wol dêrmei ta op fluggere, earlikere en funksjonelere regels. Alle asylsikers hawwe dan deselde rjochten en mooglikheden yn de hiele EU. Sa moat der in ein komme oan misbrûk. It is dan net mear mooglik en tsjinje mear as ien asyloanfraach yn. De Europeeske Kommisje wol yn 2012 in ienriedich Europeesk asylbelied ha. It útstel sil dan earst wol troch it Europeesk Parlemint en de EU-regearingen goedkard wurde moatte.

juny 1, 2011 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.