Sperma is in ferslaavjende drug

maaie 8, 2011 04:01

ALBANY – Froulju kinne ûntwenningsferskynsels krije as se ynienen in skoft net neuke. Dat seit de Amerikaanske psycholooch Gordon Gallup. Froulju fan wa’t de frijer gjin kondoom brûkt, wurde as de relaasje útgiet folle faker depressyf as froulju dy’t it altyd feilich dogge. Dat komt trochdat de earste groep froulju ferslave rekke is oan stoffen yn de man syn neuksop.

Sperma bestiet mar foar in lyts part út sied. Der sitte ek hormoanen yn, lykas eustrogeen, prostaglandine en oksytosine. De earste twa stoffen hawwe in antydepressive wurking en de lêste – it “oankrûphormoan”  soarget foar in noflik gefoel en gefoelens fan leafde en bining.

Baan kwyt troch spermagrapke

De antydepressive wurking fan sperma waard yn 2002 al ûntdutsen. It koste de foarsitter fan de Amerikaanske sirurgeferiening Lazar Greenfield sels syn baan doe’t er op basis fan it ûndersyk grapke dat manlju har froulju foar Falentynsdei better sperma as sûkelarje jaan koene.

Depressyf troch seksûntwenning

Gallup: “Wy hawwe no it folgjende ûntdutsen. As men de depressiviteit fan froulju mjit en dy útset tsjin de ferstrutsen tiid sûnt it lêste seksuele kontakt, dan docht bliken dat der by froulju dy’t kondooms brûke gjin relaasje is tusken de tiid en hoe depressyf oft se binne. Harren depresjeskoares steane der los fan oft se koartlyn noch neukt hawwe of net. By froulju dy’t direkt kontakt hân hawwe mei sperma nimt de depresje ta as it langer lyn is dat se oan seks dien hawwe. Dat lit sjen dat froulju dy’t kondooms brûke net fûneminteel oars binne as froulju dy’t se net brûke. It ferskil tusken beide groepen froulju moat ferklearre wurde út har kontakt mei sperma.”

Krêftiger sperma troch porno

Neffens Gallup brûke froulju seks faak as in drug. De aktive stoffen út sperma kringe harren as de man klearkomt yn it bloed. De ûndersiker seit fierders dat sperma net altyd likefolle ferslaavjende stoffen befettet: “As manlju fantasearje oer froulju om in stive te krijen en klear te kommen, dan is harren sperma lang sa krêftich net as wannear’t se pornografy besjogge.”

Gallup die syn útspraken yn it Amerikaanske tydskrift Popsci. Klik hjir om it oanbelangjende artikel te lêzen.

maaie 8, 2011 04:01
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Nanne maaie 7, 07:32

    Dat, it befrijen fan in faam betsjut no dûbel safolle.

  2. pizza boy maaie 7, 11:17

    @Nanne: 😀

  3. Arjen maaie 7, 17:45

    De ferslaavjende froulju kinne miskien te lande by de spermabank foar harren slokje.

  4. Erwin2.0 maaie 8, 10:08

    Syn ”neuksop”? Hahahaha

    Dit is wer sa’n ûndersyk fan it nivo Teheran.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.