Nij Dútsk plagiaatskandaal

maaie 12, 2011 04:00

BRUSSEL – Dútslân sit wer tangele mei in plagiaatsskandaal. Under fjoer leit de foarsitster fan de liberale FDP-fraksje yn it Europeesk Parlemint, Silvana Koch-Mehrin.

Hja wurdt derfan beskuldige dat se dielen fan har proefskrift fan oaren oerskreaun hat. Frou Koch-Mehrin hat woansdei har funksje dellein. Yn in ferklearring joech se oan dat se al har funksjes dellei om har famylje en it Europeesk parlemint te beskermjen. Njonken fraksjefoarsitter fan de FDP wie frou Koch-Mehrin ek ien fan de fjirtjin fise-foarsitters fan it Europeesk Parlemint.

De Dútske minister fan definsje baron Karl-Theodor von und zu Guttenberg lei yn maart om deselde reden syn funksje as minister fan definsje del. It ûndersyk nei mooglik plagiaat yn syn proefskrift rint noch.

maaie 12, 2011 04:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren maaie 12, 10:30

    Der stiet ‘fraksjefoarsitter fan de FNP’. Dat sil wol in typflaterke wêze. Ik haw har yn alle gefallen noch net by de FNP sinjalearre!

    REDAKSJE: hast fansels gelyk, Sybren. Wy hawwe de flater oanpast.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.