Kanon fan de Noardfryske kultuer

maaie 12, 2011 13:05

BRÄIST – It Nordfriisk Instituut hat in boek útbrocht dêr’t in soad Friezen direkt of yndirekt oan bydroegen hawwe.

Harry Kunz besiket yn Heimat Nordfriesland: ein Kanon friesischer Kultur“ de fraach te beantwurdzjen wêrom’t de minsken har yn Noard-Fryslân sa goed thúsfiele. Wat betsjut it foar harren om Noardfries te wêzen? Wat is yn harren eagen typysk Noardfrysk?

Kuntz hat foar syn boek net allinne in soad literatuerûndersyk dien, hy hat ek in grutte enkête ûnder Noardfriezen ôfnommen om derefter te kommen wat foar harren wichtich wie.

It boek behannelet de neikommende ûnderdielen:
– Die Friesen und die Frieslande
– Die Landschaft Nordfrieslands
– “Friesland” und das “Sprachenland Nordfriesland”
– Landgewinn und Landverlust
– Verbindung mit der Welt
– “Die Friesen rechnen gut”
– Friesische Häuser
– Biikebrennen, Boßeln, besondere Bräuche
– Die freien Friesen
– Nordfriesland in der Literatur
– Gemaltes Nordfriesland
– Die “großen Friesen”

Harry Kunz
Heimat Nordfriesland: ein Kanon friesischer Kultur
Verlag Nordfriisk Instituut, Bräist/Bredstedt 2011
192 siden
ISBN 978-3-88007-364-7
Priis: € 26,80 (foar leden fan it Nordfriisk Instituut € 21,44)

Klik hjir om it boek te bestellen. Typ dêrnei yn it sykfjild de tekst Heimat Nordfriesland.

maaie 12, 2011 13:05
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Erwin2.0 maaie 12, 11:13

    Sjoch, dêr hawwe hja ek al in kanon. Soe moai wêze as wy mei East- en Noard-Fryslân ien kanon krije soenen. Sa kinne wy ús mienskiplike skiednis en ek de skiednis fan de oare Fryslannen better begripe.

  2. Klaas maaie 12, 20:50

    In kanon is tefolle sein, mar it boek De Fryslannen, útjûn troch de Fryske Rie/Afûk is swier oanrikkemendearre. Dêr stiet alles watst oer de trije Fryslannen witte wolst. Dat ik soe sizze, net stinne mar hinne nei de Afûk-sjop!

  3. Eric febrewaris 5, 15:49

    Wa makket in Fryske oersetting?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.