Fryske Wikipedy hat mear as 20.000 siden, in mylpeal

maaie 23, 2011 10:25

It giet goed mei de Fryske Wikipedy. It tal siden waakst stadichoan troch. De teller stiet no op mear as 20.000  siden. It oansicht fan de side is betocht en makke troch frijwilligers, sawol as alle tekst dy’t oan no ta skreaun is. Eltsenien kin ynfloed útoefenje op de ynhâld fan de Wikipedy. De foarside is wol fêstlein omdat der oars kâns bestiet, dat de side fergriemd wurdt. It is net dat de Fryske Wikipedy bewust oanfallen wurdt, mar der binne altyd minsken dwaande om oandacht te fêstigjen op harsels of op in probleem.

De Fryske Wikipedy waakst stadich troch – dat komt ûnder oaren troch in knap ploechje frijwilligers dy’t deis en sneins wurkje oan de side. Hja meitsje de side folsleiner troch safolle mooglik artikels ta te foegjen. De Fryske Wikipedy hat fansels de standertartikels lykas Napoleon en dy oer de Twadde Wrâldoarloch. Mar de Fryske Wikipedy hat ek eigen siden. De Fryske wiki is wiidweidich oer Fryske kultuer en oer de Fryske taal. Mar ek keatsen wurdt goed beskreaun. Datsoarte fan artikels fine jo net op de Nederlânske wikipedia.

De Fryske taal docht it goed op de wikipedy. Der binne talen yn de wrâld dy’t troch folle mear minsken praat wurde en dy’t dochs minder pagina’s hawwe as de Fryske Wikipedy. In hiele prestaasje omdat der in hiel soad minsken binne, dy’t goed Frysk skriuwe kinne.

Op it stuit stiet de Fryske Wikipedy, wat grutte oangiet, tusken it 75ste en 80ste plak.

maaie 23, 2011 10:25
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Daan maaie 23, 13:31

    En ik haw deroan meiwurke 🙂 Hjirby dan ek mar eefkes in oprop foar eltsenien dy’t Frysk skriuwe kin: elts bytsje helpt, skriuw in stikje oer eat der’tst wat oer witst of help mei oare stikken út te wreidzjen. Al is it mar ien artikel: it helpt in protte, tige betanke! In goeie dei noch fierder en foar ‘e eineksamen-learlingen: in protte súkses tawinske!
    🙂

  2. Meindert maaie 23, 15:46

    Ik bin sels ek meidogger op de Wikipedy. Ik soe ek eltsenien oproppe wolle om mei te dwaan. It is in prachtich projekt dêr’t elts syn bydrage oan leverje kin. Eltsenien kin rêstich oan begjinne, wreidzje bygelyks ris in “stobbe” út of skriuw gewoan in side. Wês net bang foar flaters, de oare meidogger helpe je wol. No hawwe wy 20.000 siden: op nei de 25.000!

  3. Johannes maaie 23, 22:09

    Ik ha der ek oan meiwurke. Mei al dy oaren docht dat dôchs fertuten. Frysk foar hjoed en oan it ein fan it skinen fan de sinne yn Wikipedy.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.