Frysk yn Dútslân tige faai

maaie 26, 2011 19:00

Dútslân sjit slim tekoart wer it giet om it beskermjen fan de Fryske farianten Sealterfrysk yn Nedersaksen en Noardfrysk yn Sleeswyk-Holstein. Dat skriuwt de Ried fan Europa yn in tige kritysk rapport oer de posysje fan minderheidstalen yn Dútslân. Dútslân hat him neffens it Hânfêst foar minderheidstalen ferplichte om ûnderwiis yn it Noardfrysk en Sealterfrysk oan te bieden, mar dêr komt yn de praktyk net folle fan telâne. Op in soad skoallen wurdt gjin Frysk jûn.

(Boarne: Omrop Fryslân)

maaie 26, 2011 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.