Britten tsiere oer bysûnder ûnderwiis
Resint ferskynd
LONDEN – De Britske minister fan ûnderwiis seit dat katolike skoallen har wapenje moatte tsjin ‘e sekularisaasje. Hy riedt katolike skoallen oan om de status oan te freegjen fan Academy. Dat is in nij type skoalle dat streekrjocht ûnder it ministearje fan ûnderwiis falt en dêr’t trochstrings oan meibetelle wurdt troch tredden. Wylst gewoane skoallen by it oannimmen fan personiel net diskriminearje meie op basis fan de godstsjinst fan de gadingmakker, is dat by in Academy wol tastien.
Minister Michael Gove sei yn in ynterview yn Catholic Herald dat tsjerklike skoallen mar gau in Academy wurde moasten “om út ‘e hannen fan bemuoisuchtige sekularisten te bliuwen”. Neffens de National Secular Society (NSS) driget it gefaar dat de tsjerke folle mear te sizzen krijt oer godstsjinst fan leararen en learlingen en oer de ynfolling fan it lesprogramma. In Academy is dêr folle frijer yn as de tradisjonele skoallen, dy’t meastal eigendom binne fan in gemeente of fan in tsjerke, en dy’t in beheind frijheid hawwe as it giet om it seleksje op religy of it jaan en wegerjen fan godstsjinstlessen.
De NSS hat mei lilkens reagearre op in oankundiging fan it Britske ministearje fan ûnderwiis. Dat wol dat oer fiif jier 70% fan ‘e tsjerklike skoallen in Academy wurden is. It bysûnder ûnderwiis is yn it Feriene Keninkryk al moannen ûnderwerp fan diskusje, no’t hieltyd mear gemeenten net langer opdraaie wolle foar it ferfier fan kristlike bern nei kristlike skoallen ta. It is tradysje yn it Feriene Keninkryk dat gemeenten sûnder bysûnder ûnderwiis bussen ride litte nei de neistbye kristlike skoalle foar bern dy’t fan har âlden net nei in iepenbiere skoalle ta meie. In waaksend tal gemeenten wol dêr net mear foar betelje en seit dat âlden de bern mar op in iepenbiere skoalle dwaan moatte of oars sels foar ferfier soargje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje