Betinklik profesjonalisme
Resint ferskynd
It liket ynearsten wol in lykwichtich artikel, yn de Ljouwerter Krante fan juster, mei reaksjes op de ynternetkonsultaasje oer de nije taalwet: it beskriuwt in tal foar en in tal tsjin. Mar dan komt ditte: “Ook uit opvoedkundig oogpunt zijn er tegenstanders, zoals Seline Verbrugge van de psychologenpraktijk in Noordwolde: ‘Mijns inziens moet het Fries een klein plekje houden in de intieme wereld van het gezin, bij mensen wier moedertaal Fries is. Zing je kinderliedjes in het Fries, zeg je koosnaampjes in het Fries, en handicap je kind verder niet in deze tijd van Europa-vorming en globalisering’.”
Mei de ferwizing nei de profesje fan frou Verbrugge wurdt mear as suggerearre dat it hjir om har oardiel as fakfrou giet. Mar as men, benijd nei smeudige ferhalen út har deistige praktyk oer bern (hja docht oan ‘Hulp bij opvoed- en opgroeiproblemen’) dy’t folslein dwylsinnich wurden binne fan it Frysk, har reaksje opsiket, docht bliken dat sy har redenaasje hielendal net profesjoneel ûnderbout. By de konsultaasje wurdt frege om it berop mar neat wiist der fierders op dat har miening dêryn grûndearre is. De psycholooch sakket hjir troch de koer want der is just planteit wittenskiplik bewiis dat mear talen no krekt poerbêst binne foar de ûntwikkeling fan bern; blykber hâldt se har fakliteratuer net sa goed by. Se hie ek efkes op It Nijs sjen kinnen, dêr’t oer dat ûnderwerp by ‘t soad te finen is. As hja dan noch wat mear troch de siden blêde hie, hie har dat ek bewarre foar ûnnoazele útspraken as soe Frysk net partoere mei Europa en de wrâld.
It liket der mear op dat frou Verbrugge benammen reagearret as ynwenster fan in net sa Frysktalich stik fan Fryslân (dêr’t nammers yn it wetsútstel, oars as sy en oare reagearders ûnderstelle, in útsûnderingsposysje foar opnommen is), want hja skriuwt: ‘Hier in Weststellingwerf zou het al helemaal misplaatst zijn als we naar de Politie/Plysje zouden moeten’. Oars wol in aardich idee. As dy twataligens ek noch yn de prosessen-ferbaal trochfierd wurde soe, fersêftet dat it lijen mei in oanjefte foar toeristen teminsten noch wat, omdat it dan tagelyk in suver útlânske ‘experience’ wurdt. Mar dat idee stiet hielendal net yn it wetsútstel dêr’t op reagearre wurde koe. Sa wienen der by de konsultaasje in protte reaksjes dy’t net, lykas frege, op de ynhâld yngienen, mar op it al of net winsklik wêzen fan sa’n wet. De profesjonele sjoernalisten fan de LC falle al oer in ferskriuwinkje fan âlddeputearre Bertus Mulder, mar dat krekt de measte fan de ôfwizende reaksjes op de wet de planke folslein misroaie, is harren blykber net opfallen. Want trettjin jier lyn hat de Nederlânske oerheid al mei in ynternasjonaal ferdrach ûnthjitten folle mear wetlik foar it Frysk regelje te sillen as oant no ta dien is en mei dit nije wetsútstel lang om let noch mar foar in part dien wurdt. De konsultaasje gie inkeld noch oer de fraach hoe’t soks presiis yn de praktyk foarmjûn wurde moat. Dat, al dy lju dy’t dêrby de folsleine wet ôfwiisd hawwe, meitsje de bedrigings allinnich noch mar wer ris sichtber en ûnderstreekje dêrmei krekt it belang fan it beskermjen fan de Fryske taal en har sprekkers.
Nanne
Aldergeloks is der ien treast, mochten jo der ferlet fan hawwe: it Nederlânsk ferdwynt likegoed. Ut in kollum fan Maarten Keulemans út de Volkskrant fan juster mei in pleit om allinnich noch Ingelsk en Sinees te jaan en ‘fossile talen’ as Frânsk in Dútsk mar ôf te skaffen:
‘Privé keutelt u nog wel in het Nederlands, maar uiteindelijk zal het zoiets worden als het Fries of het Limburgs – een raar streekdialect, dat je alleen nog in beslotenheid spreekt.’
It liket my dat dizze fisy moai oanslút op dy fan frou Verbrugge, dy’t fan Keulemans mar better op it Sinees oerskeakelje kin. Je dogge it ek noait goed…
En dy’t no, hjoed-de-dei, noch doart to to biwarren dat de Friezen net mear diskriminearre wirde, dy bigrypt sa’n dwylsinnige opmerking as fan dy psycholooch folslein net. Sa’n opmerking jowt oan dat Fryslân en it Frysk net serieus nommen wirde en dat hjir ek gjin needsaek tawinske is…
Eins wol wat apart hear, dy reaksje fan de hear Tiemersma. Hy wurket ommers sels mei oan it ferdwinen fan de Fryske taal mei’t er syn boeken net mear yn it Frysk, mar yn it Hollânsk skriuwt…
Hat Frou S. Verbrugge in diploma fan “In Holland”?
De Ljedder, de Mjitte, Mind Games, It Liet fan de Ibis en Under wetter, út en stikken lêzen en dan, dan gobberje en longerje op alwer in tsjokke roman yn it Frysk, in boek dat der mar net komt. It gemis fiele, de leechte net ferneare kinne en dan, pas dan kin it publyk, ynbegrepen de skriuwers, de dichters en de bewegers, in skriuwer ferwite dat er oerstapt op it Nederlânsk. Mar likemin as it hiel stadich ferdwinen fan in taal opkeard wurde kin troch wetjouwing, kin dy bewarre bliuwe troch it skriuwen fan boeken dy’t mar troch in hantsjefol minsken lêzen wurde.
Ik soe de skriuwe fan boppesteand artikel, dan wol de redaksje fan It Nijs, oantriuwe wolle in ynkoart stikje op basis fan boppesteand artikel op te stjoeren nei de Ynkommen Stikken fan de Ljouwerter Krante.
as heel die wêreld een taal praat, tot net één uitdrukking in staat, die klank en kleur van elke mens, deur die eggo van ‘n enkele lied begrens…
at de hiele wrâld ien taal praat, krekt mar ta ien (menier fan) útdrukking by steat, de klank en kleur fan elts minsk, troch de echo fan in inkeld liet begrinze…
Sin út ‘Taal van die liefde’ fan Chris Chameleon. It komt der op del dat it mar wat saai wêze soe at elts mar ien taal praat…
It komt hjir eins altyd op itselde del: it Frysk wurdt net serieus nommen en wy meitsje ús der drok om. Faaks praat ik allinnich foar mysels, mar wat kin it ús no skele wat sy fine?
It soe moaier wêze om wat mear Fryske tekst te sjen dy’t net oer it Frysk giet, mar werklik ynhâld hat. Mar dan bin ik by de ‘bewegers’ wierskynlik oan it ferkearde adres.
Ik fyn it tryst dat de Ljouwerter Krante no krekt dizze reaksje út Noardwâlde safolle omtinken jout, notabene út de Stellingwerven, dêr’t -as’k it goed begrepen haw- de Taalwet net iens foar jildt (der wurdt ommers in útsûndering makke foar de Stellingwerven en Waadeilannen).
Neffens it artikel yn ‘e Ljouwerter wiene der 89 reaksjes en krekt dizze wurdt wiidweidich behannele, ien fan de minst snoade fan allegearre.
Jehannes Elzinga
P.S. Neffens my wiene der noch mear reaksjes. Mines is net opnmmen op de hiemside fan de konsultaasje om’t ik nea in e-mail krigen haw foar de befêstiging, myn frou harres kaam as spam by ús yn en is ús dêrtroch ûntkaam.
@Sigrid: do hast gelyk wat it oanbelanget dat wy ús der net drok oer meitsje moatte soenen. Mar it binne benammen dizze kommentaren dy’t der foar soargje dat it Frysk syn fertsjinne plak net kriget om’t der guon binne dy’t fine dat it Frysk net nedich is en sadwaande harren gedragen bliuwe as arrogante Hollanner dy’t nea Frysk leare wol en feitliken Fryslân net erkent mar it sjocht as Friesland mei it Hollânsk as wichtichste en iennichste der-ta-dwaande taal…
@Jehannes: tja, dat koenen je ferwachtsje fan ‘e LK. Hja wolle it leafst dat wy moarn allegearre allinnich noch mar Hollânsk prate en om dit te bewurkstelligjen moatte je de Friezen al wer efkes witte litte dat harren taal de muoite net wurdich is as algemiene gebrûkstaal…
@ Sigrid: ik bin it ferskriklik mei jo iens.
@ Cornelis van der Wal: “Folgje de diskusje”, sizze jo. Hokker diskusje ha jo it oer as jo bydrage út oars neat bestiet as út in net beargumintearre immen yn in hoeke triuwe?
J. Meester: No wer yn it stikje omfykje foar it fernoegen fan de LC ha ‘k einliks net safolle nocht mear oan. Elkenien kin it hjir lêze en ik fyn it sa einliks wol bêst genôch. Mar lit dat nimmen tsjinhâlde noch yn dy krante te reagearjen.
Sigrid: Yndied moat it Frysk yn de media foar folle mear brûkt wurde as it diskusjearjen oer de taal sels en ek foar mear as provinsjale dinkjes. Dat stim ik dy hielendal mei. Mar dat is ek krekt wat dyen fan It Nijs dogge. En dizze side wurdt just ‘powere by’ de Ried fan de Fryske Beweging. Dat, ik wol net leauwe datsto by harren wat dat oanbelanget oan it ferkearde adres bist. It docht allinnich hieltiten mar wer bliken dat krekt berjochten oer it Frysk in protte ferheftige reaksjes opsmite. Dy komme blykber op it sear.
Mar der is gjin ein oan wat hjir besprutsen wurde kin. Sa hawwe bygelyks Taco en ik en oaren aardich djipper dold as yn de measte Nederlânske media dien wurdt by ús yngeande diskusje oer it klimaat (https://www.itnijs.frl/2010/12/yndikaasjes-klimaatferoaring/?mc=). In probleem dêr’t it Frysk faaks ea noch wol ris ‘collateral damage’ by wurde kinne soe, sa’t tafallich dyselde Koos Tiemersma dy’t him hjirboppe oppenearret, treftich beskreaun hat yn syn boek ‘ûnder wetter’.
Ta beslút moat ik noch efkes kwyt dat ik in tal reaksjes frijwat nuet fyn. Jim litte jimme doch net op ‘e kop skite troch dat ûnnoazele gejeuzel fan dy tutteblei? Of troch de pseudo-yntellektuele wipwap fan dy Mous? Wat sille we no krije! Alle dagen kieze hûnderttûzenen minsken der wer foar Frysk mei elkoar te praten. It sille der alle dagen in pear minder wêze, mar mei safolle entûsjasme is dy trend wier wol op te kearen. Want as we it oan de Verbruggen en Mousen fan dizze wrâld oerlitte, wurdt it hjir in fertoarre boel.
Yn mien hiele Bacheloroplieding ta psycholooch is neat underwizen oer meartalighyt. Dizze frou sil in protte witte fan underwiis en opfoeding en sa, mar oer taaluntwikkeling sil de Ljouwerter Courant dochs mei in oare proffessje oankomme moatte. Sa wat as taalkundiche of sa.
Als buitenstaander kan ik het Fries, vermits langzaam gesproken, in grote lijnen volgen. Het zou kunnen dat mijn geboorteplaats er debet aan is (Berlikum) dat dat zo is. Verder heb ik vaak Omrop Fryslân aanstaan op de radio. Dat gebeurt altijd op zaterdag, wanneer om 12 uur het allesbehalve grappige geouwehoer van de Vara op radio twee mijn hand een zwieper doet geven aan de afstemknop.
Los fan boppesteande diskusje, sil it my benije wat dien wurdt mei de reaksjes. Hat sok ynternet-omfreegjen ek mar in bytsje status, of allinne foar de bühne?
Der wie in knap oantal ynhâldlik sterke reaksjes!
Fyn it sels wol nuver dat guon miene yn it Frysk reagearje te moatten op in wet dy’t troch minsken fêststeld wurde moat troch guon dy’t it Frysk net behearskje. As je it Hollânsk net brûke wolle, doch dan yn it Ingelsk, ek in offisjele taal yn ús keninkryk.
Bliuw mar gewoan mei twa bienen op ‘e Fryske grûn stien, we hawwe in moaie taal en der kinne we grutsk op wezze
‘Bienen’? Wat binne dat no wer? ‘Fuotten’ of ‘skonken’ hjit soks!
‘bien’ is de stof (‘bot’)