Baskyske partij net mear ferbean

maaie 6, 2011 00:12

MADRID – De ûnôfhinklikheidspartij Bildu mei dochs oan de Baskyske gemeenteriedsferkiezings meidwaan. Dat hat it Spaanske konstitusjoneel hof tongersdeitejûn yn heger berop besletten.

Bildu is in nije partij, ûntstien út in fúzje fan loftse en nasjonalistyske Baskyske partijen en stribbet nei in ûnôfhinklik Baskelân. De partij makket diel út fan de fraksje Groenen/EVA yn it Europeesk parlemint. Dêr binne ek de FNP, GrienLinks, de SSW en de Flaamske N-VA by oansletten.

Bildu waard earder dizze wike troch it Spaanske heechgerjochtshof ferbean om’t dat de partij beskôge as in fuortsetting fan Herri Batasuna, in ferbeane politike partij dy’t nauwe bannen ûnderhold mei de gewelddiedige Baskyske ûnôfhinklikheidsbeweging ETA. Yn heger berop makken de alve rjochters dat fonnis mei in krappe mearderheid fan 6-5 ûngedien.

Op 22 maaie wurde yn Spanje gemeenteriedsferkiezings holden. It is de earste kear dat Bildu dêroan meidocht.

maaie 6, 2011 00:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.