Wedstryd: beskriuw de wynkrêft

april 9, 2011 00:49

Wat wol it eins sizze as Pyt Paulusma wynkrêft 4 foarseit? Is dat in “stive wyn” of in “koeltsje”? Is it in “balkebrekker” of moat men mei wat fantasij sizze dat it giet om in “hoedôfwaaier”? En wat is wynkrêft 1 dan? In “flauwe wyn” of wat poëtysker in “raikebeweger”? Jo kinne in moaie jildpriis winne as jo foar alle wynkrêften fan 1 oant 12 in dúdlike omskriuwing betinke kinne.

Yn grutte talen lykas Nederlânsk en Dútsk binne al lang oantsjuttings foar elk fan de wynkrêften (bygelyks matige koelte en mäßige Brise), mar foar it Frysk ûntbrekke dy noch. It Nordfriisk Instituut jout 250 euro oan dejinge dy’t de bêste list fan omskriuwings ynstjoert. Se meie yn elke fariant fan it Frysk (Westerlauwersk Frysk, Noard-Frysk en Sealtersk) wêze.

Deselde dy’t mei it jild nei hûs ta giet, mei himsels winner neame fan de Tams Jörgensenpriis fan 2011. Under dy namme skriuwt it Nordfriisk Instituut alle jierren in wedstryd út dy’t te krijen hat mei Fryske taal en kultuer. De priis is neamd nei in wichtige Noard-Fryske taalstrider.

Skriuw de getallen fan 1 oant en mei 12 ûnderinoar en set efter elk getal in koarte en dúdlike Fryske omskriuwing fan de wyn mei de oanbelangjende wynkrêft. Ynstjoerings moatte foar 1 septimber 2011 by it Nordfriisk Instituut wêze. Jo kinne jo ynstjoering maile nei info@nordfriiskinstituut.de. Skriuw yn it ûnderwerp fan jo mail “Tams Jörgensenpriis”.

De ûndersteande websiden kinne faaks ynspiraasje jaan:

Nederlânsk: http://nl.wikipedia.org/wiki/Schaal_van_Beaufort

Dútsk: http://de.wikipedia.org/wiki/Beaufortskala

april 9, 2011 00:49
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Nynke april 12, 00:22

    ‘Blakstil’ is een mooi woord voor als het (bijna) windstil is.

  2. Leo_terHeide april 17, 13:11

    sigentsje
    beanhearre
    twirre
    wynpûst
    pûster

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.