Swalker grutte winner SjONG 2011

april 17, 2011 09:51

In band mei in grutte takomst, dat sei de sjuery oer de fjouwerkoppige band Swalker. Swalker is de grutte winner fan SjONG 2011. Goed 300 besikers seagen hoe’t Swalker himsels sneon 16 april nei de oerwinning song en spile mei harren sels skreaune nûmer ‘Lit ús muzyk foar jimme meitsje’.

Swalker bestiet út sjonger en gitarist Albert van der Tuin, drummer Carlo Salakory, toetsenist Leon van der Boom en basgitarist Alex Hanewacker. ‘Mei har fjouweren foarmen se in folwoeksen act, in genot om nei te sjen’, sa sei sjongeres en teatermakker Tet Rozendal. Tet foarme de sjuery mei Raynaud Ritsma (sjonger Vangrail en presintator Tsjek TV) en Anne Hoogendoorn (sjongeres/Voice of Holland). Sy keazen unanym foar de learlingen fan it Singelland (Drachtster Lyseum) út Drachten. Behalve de earste priis, wint Swalker as ekstra priis in optreden op it Fryske songfestival Liet, de grutte broer fan SjONG.

Piet Kroes fan Bogerman Snits út Aldegea (W) waard twadde yn De Koornbeurs mei syn Fryske Beatlesnûmer ‘Mei wat help fan in freon’. ‘Want’, sa oardielde de sjuery, ‘hy is net grut, mar kin wol hiel goed sjonge!’ De tredde priis gong nei Jenny Semplonius fan Magister Alvinus út Koudum. Sy song ‘Eigen wei’, har Fryske ferzje fan ‘Find my own way’ fan Lysbeth Munniksma.

De band Hadzerr gong noch nei hûs mei de SjONG You Tube priis. Har klip ‘Ik wol sjonge’ fan SjONG 2010 waard it ôfrûne jier hast 6000 kear besjoen op You Tube. Dat oantal views wie genôch om de SjONG You Tube priis te winnen. SjONG wurdt op 9 july 2011 útstjoerd op Omrop Fryslân


april 17, 2011 09:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sigrid maaie 2, 13:54

    Albert giet gewoan troch oant er wûn hat! Dat is ien dy’t wit wat er wol. Hy song de earste kear ‘miskien wurd ik wol ferneamd en kent elkenien my, mar safier is it noch lang net’. Ast it my fregest is it hast safier.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.