PVV bynt histoarikus bekbân foar

april 23, 2011 15:10

HAARLIM – Thomas von der Dunk mei it provinsjebestjoer fan Noard-Hollân net tasprekke. De bekende histoarikus soe dit jier de Willem Arondéuslêzing jaan. Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân freegje alle jierren in wittenskipper of keunstner of in lêzing te jaan oer in kontroversjeel maatskiplik tema.

Von der Dunk woe in lêzing hâlde mei as titel Het nieuwe taboe op de oorlog. Dêryn woe er warskôgje foar it belied fan de PVV, mei’t dy partij minsken útslute wol fan dielname oan it maatskiplik libben. Fierders spruts er syn soarch deroer út dat oare partijen de oare kant út sjogge as ien fan de PVV “weer eens discutabele, of zelfs ronduit schunnige uitspraken” docht.

De Steateleden fan CDA en VVD hiene PVV-Steatelid Hero Brinkman de lêzing sjen litten. Dy wie der lilk oer en neamde him “PVV-bashing”. Hy drige: “Ik heb toen gezegd: als jullie deze antisemiet Von der Dunk een podium geven om zich tegen de PVV af te zetten, zal ik hem niet alleen in het debat bij de enkels afzagen, maar dan is het misschien ook de laatste Willem Arondéus Lezing geweest.” Doe besleaten de organisearjende Steateleden om de lêzing ôf te sizzen, mei’t dy “te partijpolityk” wêze soe.

De lêzingerige fan de provinsje Noard-Hollân is neamd nei Willem Arondéus, in skilder dy’t yn ‘e Twadde Oarloch yn it ferset siet en boppedat iepentlik opkaam foar homorjochten, wat yn de jierren ’40 útsûnderlik wie. Hy hat ûnder oaren persoansbewizen ferfalske, holp ûnderdûkers en protestearre tsjin de ferplichte registraasje fan Joaden. Arondéus waard yn 1943 oppakt en eksekutearre.

De tekst dy’t Thomas von der Dunk útsprekke woe, is hjir te finen.

april 23, 2011 15:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.