Frysk en Súdwest Fryslân

april 14, 2011 21:03

De namme Súdwest Fryslân (SWF) is no definityf, ek al hiene in protte minsken graach in oare namme sjoen. Hawar , “what’s in a name”, netwier? It feit dat it lokkigernôch net “Sneek” wurden is, jout hope dat de nije gemeente dochs in Frysk karakter krije sil en net dominearre wurde sil troch de Hollânsktalige elite fan Snits. Wat de fiertaal yn de gemeente oanbelanget, sjocht it der tsjuster út, as ik it stikje fan Pieter de Groot yn de Ljouwerter Krante fan 8 april leauwe mei. Hy skriuwt dat wethâlder Maarten Offringa yn in gearkomste fan doarpsbelangen en wykrieden fuortendaalks yn it Hollânsk oergie doe’t guon bywêzigen dit easken. “Sneek” hat spitigernôch no al in earste punt skoard yn de ferhollânsking fan de nije gemeente en dat is faai. Wêrom’t de Frysktaligen yn sa’n gearkomste dit barre litte, is my in riedsel, it sil wol gearhingje mei it groanyske minderweardichheidskompleks fan in protte Friezen foar Hollanners oer.
Ek yn oare gemeenten wolle se ta fúzjes komme, sabeare om de bestjoerskrêft te fergrutsjen. Sa binne se op bestjoerlik mêd dwaande de mooglikheid te ûndersykjen Frjentsjerteradiel, Harns, Menameradiel, It Bildt en sels Littenseradiel fusearje te litten ta in nije megagemeente Noardwest Fryslân. Mocht dit yndie barre (wat net te hoopjen is) dan driget itselde te barren as by SWF: oerhearsking troch de Hollânsktalige elite fan de stêden, yn dit gefal fral Harns, mar ûnderskat Frjentsjer net…
Oer in healjier fynt de sechstich jierrige betinking fan Kneppelfreed plak. Soe’t net moai wêze dizze gelegenheid oan te gripen de gemeenten oan te trunen ta in Frysksinniger belied?

april 14, 2011 21:03
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. mbc84 april 14, 22:46

    soenen je der net strontmislik fan wurde, fan dy Hollanners dy’t noch altiten net oan it Frysk wolle en miene dat harren Hollânsk altiten foarrang hat? Wý as Friezen soenen tsjin sokken sizze moatte: wolle jo Hollânsk prate en hearre, dêr is it gat fan ‘e doar, soademiterje dan mar op (en dit jildt like goed foar it net-Frysktalige folk yn ‘e Frýske stêden!)

  2. Jens april 15, 13:13

    Okkerdeis op OF krekt in berjocht dat it belied Frysksinniger wurde sil:
    http://www.omropfryslan.nl/79398/Mear-Frysk-yn-Sudwest-Fryslan.aspx

    Mar as de minsken har der net neffens gedrage sjit it net op fansels.

  3. Lútsen april 15, 16:21

    Wa makket eins út wannear’t in namme offisjeel is en wa sil sizze OFT in namme überhaupt in namme IS? Dizze ‘namme’ is neat oars as in wynrjochting, in dizige oantsjutting fan wêr’t eat leit op ‘e kaart. ‘Wêr wenje Jo? Yn Súdwest-Fryslân. Ja, mar wêre krekt? Yn Súdwest-Fryslân.’ Duuuhhh. Wat in earmoed!!

    Is der no gjin ien nammekundige by de Fryske Akademy dy’t wat bestekliks sizze kin (skiedkundich) of in skriuwer/ster dy’t syn/har fantasy dêroer gean lit?

  4. Njirre april 26, 18:36

    It Hollânsk is in ferlerne saak yn Fryslân.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.