Boekpresintaasje Rêdbâd

april 18, 2011 19:29

DOKKUM – Sneon waard yn de Zero yn Dokkum foar sa’n 100 minsken it nije boek fan Willem Schoorstra presintearre. Yn Rêdbâd – kronyk fan in kening lit Schoorstra syn ljocht skine op it libben en de dieden fan de legindaryske Fryske kening. Nei in fraachpetear mei Jelma Knol (Friese Pers Boekerij) waard it earste eksimplaar fan Rêdbâd troch de skriuwer oanbean oan amateur-histoarikus en Fryslân-kenner Ade van der Wal. Nei it offisjele part fan de presintaasje spile de folk metal band Baldrs Draumar.

Oer de skriuwwize fan de namme Rêdbâd krige de skriuwer sawol foar de radio as yn it fraachpetear mei Jelma Knol de fraach wêrom’t de namme Rêdbâd mei kapkes skreaun is. Schoorstra: ”Rêdbâd, mei kapkes, is de âldst bekende stavering fan syn namme. Rêd betsjut rie, riejouwer. d betsjut moed, dapperens, te fergelykjen mei it Ingelske Bold, dat deselde betsjutting hat. Rêdbâd = Dappere Riejouwer, fandienens.”

Schoorstra syn earste romans, Swarte ingels (2004) en De ôfrekken (2007) wiene in grutte ferrassing fanwege de styl en faak kontroversjele ynhâld. Dizze boeken krige Schoorstra fuort namme mei, as ien fan de belangrykste moderne Fryske auteurs fan nei it jier 2000. Yn 2005 krige Schoorstra de Fedde Schurerpriis foar Swarte Ingels.

Rêdbad – kronyk fan in kening troch Willem Schoorstra. ISBN 978 90 330 0986 0; Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert 2011, paperback, 368 siden, € 22,50

april 18, 2011 19:29
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Klaas april 18, 22:06

    Bliksem, in pôle minsken!

  2. roel april 20, 09:56

    o, no, dan earst Swarte Ingels mar ris lêze, ha al te lang gjin Frysk boek mear lêzen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.