Ynternetkonsultaasje foar taalwet

maart 26, 2011 14:05

It Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes is begûn mei in konsultaasjerûnte op ynternet oangeande it wetsfoarstel foar de Wet gebrûk Fryske taal. Eltsenien kin dizze ynternetkonsultaasje op www.internetconsultatie.nl/wetfriesetaal ynfolje. De konsultaasje befettet gjin fragelist, je moatte sels in tekst skriuwe.

De Ried fan de Fryske Beweging en EBLT wolle alle Friezen en Friezinnen graach attint meitsje op de mooglikheid om online te reagearjen op it wetsfoarstel fan minister Donner fan Ynlânske Saken. Troch te reagearjen litte jo it Ryk fernimme dat jo it wichtich fine dat der in taalwet foar it Frysk komt.

De Ried en EBLT binne sels posityf oer it foarnimmen fan it Ryk foar in nije taalwet. Hja fine it foarstel wol te beheind. It foarstel fan it ministearje giet benammen oer rjochtbank en bestjoerlik ferkear. Hja wolle ek omtinken foar oare taaldomeinen lykas media en ûnderwiis. Ek fine hja it wichtich dat it Frysk better sichtber makke wurdt by de oerheid. Sa soe de Rechtbank yn Ljouwert twatalich Rechtbank/Rjochtbank wurde kinne en de Politie Fryslân Politie/Plysje Fryslân.

De Ried en EBLT sille sels ek reagearje op de ynternetkonsultaasje. Hjirûnder stiet de reaksje fan EBLT. EBLT hat der gjin beswier tsjin as der parten oernommen wurde troch tredden.

Jo kinne de ynternetkonsultaasje hjir fine: http://www.internetconsultatie.nl/wetfriesetaal

Ljouwert, 25 maart 2011

Achte Minister Donner,

Hjirûnder de reaksje fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) op jo foarstel Wet gebrûk Fryske taal. Om’t it EBLT, as koepel fan Fryske en Nedersaksyske organisaasjes, de Europeeske diminsje fertsjintwurdiget fan de oansletten organisaasjes, wolle wy graach noch twa punten taheakje oan de ûndersteande kompliminten en oanbefellings:

  • Foar de Wet gebrûk Fryske taal soe it model oanhâlden wurde kinne fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. It “Committee of Experts” fan de Ried fan Europa soe dêrby miskien ek wol stipe ferliene kinne.
  • Dêrneist wolle wy oproppe de takomstige taalwet hifkje te litten troch ynternasjonale juristen.

Dizze reaksje is folslein yn it Frysk, foaral om’t josels sein hawwe dat Friezen faker it Frysk brûke moatte yn kontakt mei de oerheid. Mocht dit dochs swierrichheden opleverje, dan hearre wy it graach.

Mei freonlike groetnisse,

Onno Falkena

Bestjoerslid Europeesk Buro foar Lytse Talen

Kompliminten

1. Komplimint dat der in “Wet gebrûk Fryske taal” komt. Mear as 100 jier nei it earste belied fan Provinsje Fryslân en 60 jier nei Kneppelfreed. Prima, dat ek de ymplemintaasje fan de ferplichtings yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen (yn wurking sûnt 1998) no yn in wetlik kader set wurde.

2. Komplimint dat de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) nei mear as 20 jier in wetlike ferankering krijt.

3. Komplimint dat it Konsultatyf Orgaan wetlik ferankere wurdt yn in “Raad voor de Friese taal”.

Oanbefellings

1. It foarstel fan de wet sa’t it der no leit moat de status krije fan in kaderwet, dêr’t ek yn in letter stadium oare wetjouwing by oanheakke wurde kin. Dêrby soe de wet periodyk (bygelyks eltse 4 jier) op ‘e nij besjoen wurde moatte. Binne der feroarings/oanfollings nedich? Sjoch bygelyks nei it Gaelic yn Skotlân.

  • Of no daliks ek de oare domeinen opnimme yn de “Wet gebrûk Fryske taal”.
  • Of ôfspraken fêststelle oer it opnimmen fan de oare domeinen binnen 4 jier.

Dêrneist moat tefoarenkommen wurde dat besteande wetjouwing ferfalt, foar’t dizze nije “Wet gebrûk Fryske taal” rjochtsjildich is (artikel/kêst 37).

2. Yn artikel/kêst 2 wurdt it wurd “periodiek” neamd.

  • Yn de wet soe in útfieringskonvenant opnommen wurde moatte, bygelyks ôfspraken foar in perioade fan 4 jier.

3. Yn de nije taalwet moat fêstlein wurde dat de Provinsje Fryslân in wetlike taak hat as it giet om it fieren fan belied op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. En ek dat der sprake is fan in mienskiplike ferantwurding fan it Ryk en de Provinsje tegearre, om’t it Ryk de ûndertekener is fan sawol it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen en it Kaderferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden.

4. Yn artikel/kêst 21, §2 wurdt sein dat de leden fan de “Raad voor de Friese taal” op foardracht fan it ministearje beneamd wurde.

  • De leden moatte op foardracht fan Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân beneamd wurde.

5. Yn artikel/kêst 5, §2 stiet “kunnen deze bestuursorganen”. Dit soe eins “moeten deze bestuursorganen” wêze moatte.

6. Omrop Fryslân soe yn de wet opnommen wurde moatte. Reden dat dizze apart neamd wurde moat is dat Omrop Fryslân in spesjale status fertsjinnet, oars as oare regionale omroppen, fanwegen de ekstra funksje foar de Fryske taal. Dizze spesjale status soe dan ek gearhingje moatte mei in eigen budzjet foar Omrop Fryslân.

7. Der moatte bettere en dúdliker ôfspraken oer de finânsjes makke wurde.

8. De formulearring fan it konseptfoarstel is swakker as de “Algemene wet bestuursrecht” (AWB) as it giet om it mûnling brûken fan it Frysk yn gearkomsten fan publike organen. De “Wet gebrûk Fryske taal” moat dit oangeande net efterútbuorkje.

9. Omtinken foar de sichtberens fan it Frysk by de oerheden yn Fryslân is wichtich, want sa meitsje je it publyk dúdlik dat der wat feroare is en dat Frysk en Nederlânsk lykweardich binne en beide brûkt wurde kinne. Soks komt ek oerien mei de bedoeling fan Minister Donner. Hy seit Friezen oanmoedigje te wollen “meer Fries te gebruiken bij de overheid”.

Tink hjirby oan:

  • It boerd “Rechtbank” op de gevel fan de rjochtbank op it Saailân yn Ljouwert wurdt ferfongen troch in twatalich model en wurdt dus Rechtbank/Rjochtbank. Je soenen dat dwaan kinne op de dei dat de nije taalwet fan krêft wurdt. Foar it boerd “Gerechtshof” jildt itselde. Dat wurdt Gerechtshof/Gerjochtshôf. As ferfolch hjirop wurde de buordsjes yn beide gebouwen twatalich makke.
  • “Politie Fryslân” wurdt Politie/Plysje Fryslân. Ek op de plysje-auto’s komt njonken “Politie” Plysje te stean. Friezen hawwe it rjocht om Frysk te praten, wat yn it Frysk sein wurdt, wurdt ek yn it Frysk notulearre. Dit is net ûnbelangryk en ûnlogysk, want op de rjochtbank wurdt faak gebrûk makke fan ynformaasje fan de plysje. It is dan wat frjemd as der fan de plysje Nederlânsktalige ferklearringen komme fan in fertochte dy’t op de rjochtbank Frysk praat en yn it Frysk notulearre wurdt.
    Op it callcenter fan Politie/Plysje Fryslân meie allinnich minsken wurkje dy’t it Frysk goed fersteane. As de Fryske plysje foar in noardlik callcenter kiest, dan moat ‘goed passyf Frysk’ en ‘in positive taalhâlding’ in funksje-eask wêze foar alle meiwurkers. As yn de praktyk bliken docht dat dit net te realisearjen is, rjochtet de Fryske plysje, lykas foarhinne, in eigen callcenter yn. It kin net sa wêze dat Friezen dy’t mei de plysje belje, faak yn in situaasje fan stress, har eigen taal net prate meie.

10. Net yn de konsepttaalwet, mar wol yn de motivaasje stiet in foarstel om Frysktalige kieslisten foar ferkiezings mooglik te meitsjen. In goeie saak, mar yn de praktyk krije mar in bytsje minsken sa’n formulier ûnder eagen. Om de lykweardigens fan Frysk en Nederlânsk te ûnderstreekjen soe it in goeie saak wêze om fan it momint ôf dat de taalwet yngiet ek foar de Stempas/Stimpas in twatalich model te meitsjen dat tenei yn Fryslân foar alle ferkiezings brûkt wurdt.

maart 26, 2011 14:05
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. hmm twatalich maart 26, 18:54

    – Wêrom net allinnich in Fryske stimpas opstjoere.
    As der minsken binne dy’t it net ynfolje wolle (mei de neidruk op anty Frysk en ‘ik begryp it net’ )

    Stel ik foar dat se in fersyk yntsjinje moatte, mei in smeekbede.
    Dan pas wurdt besjoen oft der in fertaling levere wurdt.
    Dit is de ienige rjochte wei.

    Gjin goeie reden, DE GROETEN en oant sjen, at je fan gedachten feroarje.

    – Fryske nammen fol ut op alle gevels,
    Nederlânsk opsjoneel yn it lyts der by.

    – Bedriuwen dy’t diels yn Fryslân operearje, Frysk akseptearje en weromskriuwe, ek by skriftlik ferkear yn oare Provinsjes, Frysk weromskriuwe at der in Frysk stik binnen komt.

    Feit:
    Dit swak wetsfoarstel betsjut gjin temjittekomming nei ús Friezen, de safolste delbêdzjende beweging fan it regear.

    Dit is it rjocht: Gjin goed wetsfoarstel gjin regear dat alle minsken likens behannelet. Gjin rjochtsjildich en wettich regear.

    Dit is de útspraak.
    Gjin erkenning Nederlânsk regear

  2. Jehannes Elzinga april 29, 14:45

    Ik haw reagearre op de ynternet konsultaasje oer de taalwet, mar ik haw nea in e-mail ûntfongen dy’t ik befestigje moast lykas oanjûn. Doe’t ik op’e nij besocht in reaksje op te stjoeren krige ik as andert dat ik al reagearre hie en dat dat in twadde kear net mooglik wie. Ra, ra wer is myn reaksje bedarre?
    Binne der mear minsken dy’t dize ûnderfining hawwe?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.