Wat fine jo? Geef Frysk of linich Frysk?

maart 9, 2011 00:00

Oeral wêr’t Frysk praat of skreaun wurdt giet de diskusje oer geef Frysk of linich Frysk. Hokker arguminten brûke jo. Fine jo kwaliteit wichtiger as kwantiteit?

maart 9, 2011 00:00
Skriuw in reaksje

32 opmerkingen

  1. J.S.Reitsma maart 9, 09:09

    Us nasjonale omrop hat al jierren as biedwurd: “geef mar linich Frysk”. Dit suggerearret in tsjinsteling. As dy der al wêze soe, dan soe ik it leaver omkeare: “linich mar geef Frysk”.Dy tsjinstelling is der lykwols net: wêrom soe geef Hollânsk en geef Ingelsk wol linich wêze kinne en geef Frysk net?
    In foarbyld:
    In jiermennich lyn stie yn “Each en ear” in artikel oer dit ûnderwerp. De skriuwer brûkte hjiryn in foarbyld dat him neffens my tsjin him sels kearde. Scharnier is yn it Frysk knierbân. De skriuwer fûn dat it liniger is om skarnier te brûken. No is knier allinne ek geef Frysk. En de sin “ik haw nije knieren oan ‘e doar set” klinkt my al sa linich yn ‘e earen as it barbaristyske: “ik haw nije skarnieren oan ‘e doar set”.

    Dus wat my oanbelanget:
    Geef Frysk! Dat is linich Frysk.

  2. Jabik maart 9, 09:22

    Ik gean dochs foar de kwantiteit. As minsken bewust mear Frysk brûke dan sil der op ‘e duer ek belangstelling komme foar de kwaliteit. Al te geef en op alle slakjes sâlt lizze is hiel faak de oarsaak dat minsken gjin Frysk prate doarre. Wa’t hieltyd ferbettere wurdt ferpoft it op it lêst. Fyn no marris de gouden tuskenwei. Dêr moatte jo in heale psygolooch foar wêze.
    It foarbyld fan Reitsma sprekt my wol oan omdat wy eartiids ek it wurd knieren brûkten mar dat wurdt net oaral dien.

  3. Binne van der Veer maart 9, 09:44

    “linich” is in yn dit ferbân nij foarme wurd, dat net negatyf oerkomt, dat útfûn wurde moast fanwegen de geandewei slimmer wurdende taalferearming. As antwurd op boppesteande fraach dit: better geef as “linich” Frysk, leaver
    “linich” as min Frysk, leaver gjin Frysk as min Frysk. Wat hjoed de dei rûnom heard wurde kin is b.g. in sin as: It is natuerlik toch wol erch jammer dat er steeds slechter Fries wurdt prate. Dat kin der wier net op troch.

    Binne

  4. mbc84 maart 9, 10:08

    krekt wat Binne seit, dy sin dy’t dêr sjen litten wurdt, dat is it him no krekt. Sok Frysk kinne je eins amper noch Frysk neame, en dochs soe it sjoen wurde kinne as linich Frysk, want neffens guoddens heart it Frysk genôch oan… Oan ‘e oare kant, dat wat Jabik seit sit ek in kearn fan wierheid yn, at der mear en mear Frysk praat wurde sil, sil hopentlik dan einlings ek ris it aksint lein wurde kinne op de kwaliteit. Mar salang’t it Frysk noch ûnsichtber is yn it heitelân en dat dát de provinsje gjin donder skele kin, sil it der net better op wurde. Je soenen hjoeddedei Fryslân sjen kinne as in soarte fan Palestina, de ynfloed fan it Nederlânsk en syn sprekkers wurdt mei de dei grutter en at hjir net wat oan dien wurdt, dan kin it de ein wêze foar it Frysk en syn sprekkers. Want: It is natuerlik toch wol erch jammer enfsh. is gjin Frysk, mar Frollânsk en dêr soenen wy op skite moatte!

  5. Martsje maart 9, 11:31

    Ik tink dat wy wach wêze moatte: der wurdt frege om linich Frysk, yn’e hope dat mear minsken it begripe kinne. No binne der in knoarre minsken, dy’t miene dat geef Frysk itselde is as it Frysk fan likernôch hûndert jier lyn, mar dat is fansels net sa. It algemien goedkarren fan in ‘hollanisme’ moatte wy om tinke. In skarnier of in knier. Ik bin oars aardich Frysk ynsteld, mar ik ha nea witten dat in skarnier in ‘knier’ wie. Faaks moatte wy yn’e Fryske literatuer ris omtinken jaan oan dy dingen? Nee hear, dat is in grapke, mar wat ik eins sizze wol, De Fryske taal, sa’t wy dy brûke, is foarme troch ús omjouwing. Dat wol sizze: heit en mem, boarters, buorlju, skoalle, radio en telefyzje en dus ek boeken. Bynammen yn dat lêste soe neffens my winst te beheljen wêze, sûnder fuort te ferfallen yn ôfgryslik dreech en âldfrinzich Frysk. Mar bern skrikke wier net hear, as der yn in Frysk berneboek in harkenieltsje op it dak sit. En al hielendal net, as der ek noch in moai plaatsje fan datselde hûs by stiet. Ik neam mar wat.
    Wy moatte wurden wol dóare te brûken. Net sa skiterich. En net miene dat kwantiteit automatysk folge wurdt troch omtinken foar de kwaliteit: tochten jim, dat der ôfbreuk dien wurdt oan de kwaliteit fan it Ingelsk/Dútsk/Frânsk dat ús bern leare moatte, ûnder it mom fan: earst mar wat rûchwei, dan kin it letter wol better. Fansels net. De basis moat goed wêze. As wy de dingen earst it ferkeard oanleare, dan komt dat letter wier net wer goed. Dus: goed Frysk, geef Frysk, linich Frysk en dat allegearre tagelyk. Mar foaral: drekt goed oanleare!

  6. J.S.Reitsma maart 9, 11:50

    “As minsken bewust mear Frysk brûke dan sil der op ‘e duer ek belangstelling komme foar de kwaliteit.” (Jabik).
    Dat is fansels net wier. It bêste bewiis is it Hollânsk dat al safolle jierren in grutte “kwantiteit” hat. En dêr sitte sa stadichoan likefolle Ingelske wurden yn as krinten yn in krintebôle fan in goede bakker!

  7. Jaap Kramer maart 9, 11:56

    Goeiemoarn,
    Geef Frysk, dat is linich Frysk, Reitsma hat gelyk. En de trije oaren bin ik it ek mei iens. De minsken sizze wol en nei wierheid dat de taal libbet en dus feroaret, mar bij skôging falt op dat it Frysk foaral ‘ferrike’ wurdt mei Hollânske wurden, én sizwizen/útdrukkingen, sadat de grutte Fryske skat derfan mear en mear yn ûnbrûk rekket en yn it ferjitboek komt. De minsken bij Omrop Fryslân lykje har bijtiden te skamjen foar geef Frysk.
    Hoe sille de bern grutske wêze op ús taal as de grutten dat net binne?
    Hoe grut soe njonkelytsen de groep wêze dy’t har bekroadet om ús taal yn geve foarm? En wat de iene in suvere sin/in geef wurd is, griist in oar fan.
    In grutte help foar it Fryske folk soe wêze as no lang om let ris oer it Frysksprekkende part fan de provinsje ien soarte geef Frysk op skoallen leard waard. Deselde basis mei fansels respekt foar eigenheden yn it Súdwesthoekster-, Wâld- en Klaaifrysk, ensa.
    Dat moat begjinne mei (njonken de húshâlding) de frou/man dy’t foar de klasse stiet, dy moatte thús wêze yn it Frysk.

  8. Jehannes Elzinga maart 9, 12:49

    Neffens my heart linich Frysk itselde te wêzen as geef Frysk, lykas Reitsma seit. Dêrnjonken is der argaysk en âldfrinzich Frysk (lykas lofts), wurden dy’t yn’e sprektaal amper mear brûkt wurde.
    Echt gefaarlik foar’t Frysk binne neffens my nijmoadrige Hollanismen as “iemand” foar “immen” , “werken” foar wurkje en sels “samen” foar “tegearre” ! As dit sa trochgiet bliuwt der neat fan ‘t Fysk oer, bin ‘k bang. It probleem is dat de measte Friezen harren no ienris earder skamje foar harren Frysk as dat se der grutsk (trots….) op binne.

  9. Erwin2.0 maart 9, 16:41

    Ik bin it wol mei Jabik iens. Kwantiteit is nedich as wy graach wolle dat mear minsken Frysk prate EN skriuwe. Ik fyn it wol wichtich dat op TV, radio en yn ‘e (skoal)boeken geef Frysk stiet. Meitsje de drompel leech foar nije Fryskpraters, mar jou harren ek de mooglikheid om goed Frysk te learen. Dat kinne hja net as wy net it goede foarbyld jouwe.

  10. T. Brunsma maart 9, 18:04

    In bytsje bryk is in minske gelyk 😉

  11. Roelie Knol de Jong maart 9, 18:25

    Taal bliuwt yn beweging,dat ik haw neat tsjin op linich Frysk,mar it steurt my wol dat safolle minsken “Omkearfrysk””prate.De tydwurden yn de ferkearde folchoarder bedoel ik dermei.
    Ek bin ik fan miening dat de minsken fan omrop Fryslân ris in kursus Frysk folgje moatte soene.Sy hawwe dochs in soarte fan foarbyldfunksje.

  12. Johannes Attema maart 9, 20:43

    Doe’t myn bern lyts wienen haw ik harren in protte foarlêzen en ek it Tûzen wurdeboek fûnen hja prachtich. Ik brûkte fierder ek wurden lykas “lofts” ensfh. Dat waard net raar mar hiel gewoan fûn. Dy lytse bern fan doe binne no mannen fan 27 en brûke no noch fakernôch it wurdsje “lofts”

    Ik wol hjir mar mei sizze: Der besteane gjin âlderwetske wurden. Dy wurde sa makke troch gemaksucht fan âlders en krante folk. Sjoch mar ris hoefolle flaters der makke wurde as bygelyks yn in Hollânsk krantestik minsken yn it frysk oanhelle wurde.

    Oan de oare kant nimme wy dit gemaksuchtige ferskynsel ek oer fan út Hollân. Dêr wurdt hieltyd mear it hollânsk dialekt sprutsen wylst hja tinke dat dat Nederlânsk is.
    Fierder wol ik de makkers fan dizze side dochs efkes op it harspit lizze. Sjoch ris nei de drukknop ûnderoan
    “plaats reactie” linich frysk soe men tinke. 😉

  13. Sjoerd Groenhof maart 9, 23:41

    Wat in nuvere en koartsichtige stelling! De kaai hjir leit earne oars.

    It hat ommers alles te krijen mei wa’t hjir de baas is en de lieding hat. Omdat frjemden hjir sûnt 1500 oan de macht is binne wy net sels baas. De baas moat hja nei de hollânske mûle prate oars komt der gjin bôle op de plank, kin hja net op fakânsje, fuort karriêre, gjin pensjoen, en sels in elektryske fyts of in kamper wurdt dreech. En úteinliks wurdt it Hollânsk in gewoante.

    As wy ús Fryske eigenheid grutsk útdrage, dan jouwe wy oare ynwenners fan Fryslân ûnbewust tastimming om dat ek te dwaan. As wy befrijd binne fan ús eigen eangst dan hawwe wy it ek net mear oer it behyplik Frysk.

  14. Erwin2.0 maart 10, 08:45

    @Johannes, ”Plaats reactie” kin der wier net op troch….

    @Sjoerd, dizze diskusje hat yndie net folle doel. It is wer in diskusje dy’t yn de eigen rûnten plakfynt. It Frysk hat yn myn eagen noch tefolle de posysje fan in hobbytaaltsje. Minsken yn Fryslân dy’t it Frysk net machtich binne, kinne skoan oerlibje sûnder it Frysk.

    It Frysk is net sichtber. Yn de supermerken is alles yn it Nederlânsk. Op de ferkearsbuorden is alles Nederlânsk. Op skoalle is it plak fan it Frysk fierstente lyts. Yn it bedriuwslibben kinne minsken har rêde sûnder it Frysk en de oerheden en semy-oerheden dogge der ek amper wat mei. Soks hat mei direkt mei macht te krijen. Mear sizzenskip foar de provinsje betsjut ek dat it Frysk automatysk in better plak kriget.

    Dan noch it oansjen. Fryslân wurdt sjoen as in plak foar wettersport en âldfrinzige tradysjes. De Fryske taal is lang net oeral bekend. Soks hat fan gefolgen dat politisy ek net bekend binne mei de offisjele status fan it Frysk.

    As lêste woe ik noch sizze dat wy net safolle ferlet fan nije regels en wetten hawwe foar de Fryske taal. Gemeenten kinne mei de besteande wetjouwing suver alles yn it Frysk dwaan. As politisy op gemeentlik nivo de besteande wetjouwing net omsette (ymplemintaasje) dan kinne der noch wol mear nije wetten by, mar it hat gjin doel as de gemeenten der neat mei dogge.

    As de ymplemintaasje fierhinne dien is en wy hawwe mear sizzenskip, dan kinne wy it Frysk ferplichtsje. No moat ik der fansels hiel goed om tinke wat ik skriuw. It ferplichte Frysk liket hiel raar. Nederlânsk is wol ferplichte en dat fine wy hiel gewoan. Nuver. It ferplichte Frysk moat as in kâns sjoen wurde. Op dit stuit kinne minsken, sa’t ik hjirboppe skreaun hie, harsels skoan rêde sûnder it Frysk. En as hja Frysk leare wolle, dan kin dat seker noch net op strjitte. As menukaarten en opskriften yn supermerken en skoallen no allegear yn it Frysk wêze soene, dan jouwe wy net-Fryskpraters automatysk in kâns om Frysk te learen. Tink ris ta, oeral fergees Frysk leare.

    Yn alle gefallen is de boppesteande konseptuele tekst prachtich. Mar de goede ideeën fan de Fryske bewegers wurde spitigernôch amper omset. Dat it in spultsje fan macht is liket my fierders wol dúdlik.

  15. Jaap maart 10, 12:18

    Krekt op OF: “It betelsysteem op de NHL is sa lek as in mantsje”. Sa lek as in gatsjepanne.

  16. Auke Plantinga maart 10, 15:26

    Iens mei Sjoerd. Wy moatte it marris ha oer de 80% dy’t net Frysk skriuwt ynstee fan de 20% yn eigen rûnten. Dat witte wy sa stadichoan wol.

  17. Henk maart 10, 15:54

    DE FRIESE CULTUUR GAAT KAPOT AAN KONSENSUS.

    In de loop van de geschiedenis zijn het landschap en de cultuur in Friesland veranderd.
    Het tempo steeg de laatste decennia naar ongekende hoogte. Daarbij verdween veel van wat Friesland onderscheidde van de rest van Nederland. Dit roept de vraag op hoeveel er van de Friese eigenheid over zal blijven. Vorig jaar is Friesland uitgeroepen tot de mooiste provincie van Nederland, waar het oorspronkelijke landschap redelijk goed is bewaard. Dat landschap heeft er niet altijd zo uitgezien. Eerst veranderde het alleen door water en wind. Later ging de mens dit proces zijn wil opleggen.
    Zo ontstond globaal gezegd het landschap dat wij nog kennen van vlak voor de bouw van
    de Afsluitdijk. Was dat een typisch Fries landschap? Ecologisch gesproken niet. De hier toen voorkomende
    biotopen met hun kenmerkende flora en fauna zijn niet uniek voor Friesland. Uniek is eerder dat er in zo’n kleine provincie zo veel verschillende biotopen als duinen, Waddenzee, estuaria, kwelders, klei- en
    veenpolders, beken, rivieren, veenmeren, dennen- en loofbossen, zandverstuivingen en heidevelden
    voorkomen. Bewoners gaven met de bouw van dijken, polders, huizen, kerken, boerderijen, dorpen en steden en door hun landbouw en industrie het landschap een streekeigen karakter.

    Het typische Friese landschap is dus eigenlijk cultureel bepaald.
    Tegenwoordig worden wij ons ervan bewust dat wij onze omgeving en het landschap drastisch
    beïnvloeden. Hoe we dat doen hebben we geregeld in ons politiek-bestuurlijk systeem.
    Daarin hebben cultuur, natuur, milieu en landschap veelal geen leidende rol. Meestal krijgen
    economische ontwikkelingen voorrang boven een duurzaam leefmilieu. Solide langetermijnvisies
    over hoe het landschap er uit zou moeten zien en hoe dat samen kan gaan met welvaart
    hebben in de politiek nauwelijks een rol gespeeld. Waren zulke visies er wel, dan werden ze in
    de politieke arena veelal uitgehold tot krachteloze compromissen waarin natuur en milieu aan
    het kortste eind trokken. Niets wijst erop dat de huidige generatie Friese bestuurders hun ruimtelijke politiek, waarin het landschap ondergeschikt is aan economische belangen, zullen wijzigen. Natuurlijk houden
    ze rekening met het landschap en ook de Friese cultuur, maar als het er op aan komt delven die het onderspit. Een sprekend ecologisch voorbeeld is de rampzalige situatie waarin de grutto door de landbouwpolitiek
    terecht is gekomen. Schrijnend is ook, dat bij de verkiezingsdebatten onlangs is gebleken, dat onze politieke
    kopstukken geen idee hebben over vorm en maat van megastallen die nog passen in het landschap. Ook het doorzetten van de aanleg van de Centrale As toont dat er meer oog is voor de economie dan voor een historisch landschap. Ten slotte zijn zelfs in de Waddenzee (en omgeving) rust, flora en fauna niet veilig bij de politiek, getuige het stijgend aantal activiteiten dat de laatste jaren sluipenderwijs is toegestaan.

    Hoewel de politiek zegt aandacht te hebben voor de Friese taal, literatuur, natuur, milieu, monumentenzorg, landschapsbeheer is de praktijk dat Friesland in snel tempo verandert. De landschappelijke kenmerken
    die de provincie eeuwen sierden verdwijnen. Of dat erg is, is een open vraag. Maar zeker is wel, dat wanneer de ruimtelijke politiek hier blijft zoals die is, provincie en cultuur steeds meer zullen gaan lijken op de
    rest van Nederland en verder verwateren.

    DR. HENK DE HAAN
    ECOLOOG

  18. pyt maart 10, 16:23

    Wat de taal oangiet: Elk ûntspoart wolris en wy hawwe gelokkich net allegear deselde noarmen en it hinget ek fan’e sitewaasje ôf. Mar soms tinkt men: “Hea, dat koe ik dochs moaier sizze”. Dêrom soe ik myn okkerdeis op http://www.ekfrysk.host22.com/Brykfrysk.htm iepene wurdlist aanst faaks better de titel “Moai Frysk” meijaan kinne.
    Fierders binne wy fansels ieuwen lang de ûnderlizzende partij, sa sterk dat dat tink sels ús foneemsysteem sterk beynfloede hat: http://seelter.110mb.com/fonora.htm. Mar dêr ha wy fansels wol dy ‘sjongsume taal’ oan oerholden! Mar yn dizze tiid past gjin diskriminaasje fan minsken.

  19. Jens maart 10, 16:47

    @Jaap: OF lêst ‘ús’ site ek, of hja binne dêr dochs kritysk op harren eigen webstee:
    “De kaart dêr’t tûzenen studinten fan de NHL yn Ljouwert alle dagen mei betelje is sa lek as in tsjems”

  20. T.Brûnsma maart 10, 16:51

    Reaksje hjirboppe is grif in leafhawwer fan Geert Mak.

    Wat my opfalt is dat hjir allegeare minsken reageare dy’t tinke te witten hoe it moat. Guon fan de minsken knikke in kear fan “Ja”, jouwe in reaksje, sette de kompjuter út en gean op bêd. Der binne net folle lju dy’t har wier ynsette foar de ferbettering fan it Frysk. Wat ik hjirmei sizze wol; hâldt ris op mei it praten en kom yn aksje.

    Nim de Groep fan Auwerk, sjoch mar op wikipedy. Dizze minsken stekke wier de hânnen út de mouwen.
    As in wat resinter foarbyld, de Frije Fryzen Grûn. Dizze knapen hawwe mear dien foar it Frysk as guon politsy/Fries. Respekt foar súlken. Hoe wol ik it net iens bin mei de manier wêr hja har profillearje.

    Nim my net kwea ôf, mar de RfdFB hat in pracht fan in webstek, is in pracht fan in organisaasje, mar ik hear fan hja net in soad. Allinnich as it sa no en dan op taalkwestjes delkomt. Binne se skrùten foar dat hja gjin súbsydzje mear krije fan it Ryk (Hollânsk jild)?

    RfdFB, ik sil der gjin kwea wurd oer sizze, mar nei myn betinksten mei hja wol ris wat faker fan hja hearre litte. Net allinnich mar taalkwestjes.

    Hawar, ik haw myn reaksje jûn, doch de kompjuter út en gean op bêd; tiid foar in knipperke 🙂

  21. T.Brûnsma maart 10, 16:51

    Ik doel fansels op de reaksje fan Henk (mei Geert Mak) en net op Jens

  22. Jaap maart 10, 17:55

    De Ried is net ôfhinkelik fan subsydzje: dat is in misferstân. Allinne foar de reklamepriis jouwe se it jild troch oan de kommisje Fryske Reklamepriis. En de provinsje betellet mei oan de Swingel. Wa’t de Swingel lêst wit dat wy nimmen nei de mûle prate. Sjoch ek myn kollum fan hjoed op dizze side: “Yn de kunde komme is net genôch”. Jaap van der Bij (fs. fan de ried). En no mar in knipperke dwaan TB.

  23. Redaksje maart 10, 23:24

    Foar alle minsken dy’t wat foar it Frysk dwaan wolle. Dy kinne maile nei ynfo@itnijs.nl

  24. Nynke Feenstra maart 11, 17:02

    Kwantiteit moat wichtiger wêze as kwaliteit . Oars doar ik net mear Frysk te praten of te skriuwen. Want ik kin it net sa goed:)

  25. Loffiis maart 11, 23:11

    Myn Frysk is ek net sa goed, Nynke. Dêrom just haw ik it foarbyld needich fan minsken dy’t it better kinne. Sa stek ik miskien noch wat op :-). Kwantiteit is wichtich mar hat dochs kwaliteit needich.

  26. Njirre maart 12, 08:34

    Sjoch, Hollânsk prate kin eltsenien wol. Dêrom moat it Frysk wol in bytsje in selekt barren bliuwe, dêr’t wy ús mei ûnderskiede fan oaren en dêrom mei de drompel ek wol in bytsje heech wêze. Jo meie net samar sizze: „Ik praat Frysk“, jo moatte dat ek fertsjinje.

  27. pyt maart 12, 13:56

    Dat wie dus de ferbining oer it ûntstean fan ‘sjongsum Frysk’ op 10 maart: http://www.ekfrysk.host22.com/fonora.htm

  28. Anonym maart 14, 00:10

    ik fyn it wichtich dat it frysk is mar it moat fansels wol profesjoneel. dus net te folle staveringsflaters.

  29. Sybrand Bosma maart 27, 16:52

    Ik steur my mear en mear oan it gebrûk fan it Frysk op Omrop Fryslan. Sa is der in grut ferskil tusken it aardich geve Frysk op de teletekstsiden en it sprutsen Frysk. Wêrom dat ferskil? Je moatte net te gau tinke dat de minsken it net ferstean sille. Jou it goeie foarbyld. In protte minsken tinke dat it Frysk fan de omrop wol geef wêze sil, no dat is perfoast net sa. Wie it mar sa! Op dizze wize helpt de omrop mei oan de fertutearzing fan ús moaie taal.

  30. Jehannes Elzinga maart 27, 18:17

    Der binne meiwurkers op Omrop Fryslân dy’t wol geef Frysk prate en oaren dy’t dat net dogge. Guon prate sels út harsels yn’t Hollânsk, wat ik wol hiel tryst fyn. In pear dagen lyn byg. hie’k in protte argewaasje fan in meiwurker dy’t yn Hea in klasse skoalbern yn’t Hollânsk oanspriek. As Omrop Fryslân dat al docht, hoe kinne je dan ea ferwachtsje dat bern Frysk prate sille?

  31. Binne Lútsen Boarnstra juny 18, 13:15

    As geef Frysk net linigernôch is, kinne jo it mei geef Frysk altyd jitte liniger meitsje. It nije Kakademy- wurdboek stiet stiif fan ferbastere wurden en it is no krekt net de bedoeling om begrippen middels ferbasterjen etymologysk ûnwerkenber te meitsjen. Brûk dan mar leaver it bankje ynstee fan `e kanapee.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.