Twatalige bibleteekkatalogus

maart 8, 2011 22:47

LJOUWERT – It sykjen yn de Fryske bibleteken is tenei in stik makliker. De nije elektroanyske katalogus set Hollânske sykwurden nammentlik automatysk oer yn Fryske en omkeard. At jo dan bygelyks sykje mei it Hollânske wurd “dun”, dan sil ek it boek “Tin iis” fan Tiny Mulder yn de resultaten te finen wêze.

Moandei waard it nije syksysteem offisjeel yn gebrûk naam troch deputearre Jannewietske de Vries. It is de bedoeling dat alle bibleteken yn Fryslân it tenei brûke. Bûten Fryslân hawwe ek al bibleteken ynteresse toand.

(Boarne: Omrop Fryslân)

maart 8, 2011 22:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Martsje maart 9, 11:33

    Hiel moai, maar no ha ik in skoft lyn it boek ‘Potstro Fongers’ lêzen en ik bin benijd ûnder hokker sykwurd dat ferskine sil 🙂

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.