Tryater bereizget Fryslân

maart 18, 2011 11:00

LJOUWERT – Tryater is begûn mei de twadde edysje fan It Brûst. Nij is dat it teaterselskip de kommende tiid mei opblaasbere tinten troch de provinsje reizgje. Dêryn wurde twa foarstellings opfierd foar jong en âld. It selskip giet ek de kroegen yn mei in nij stik fan Marijke Geertsma en Jan Arendz.

It meast ambisjeuze stik fan It Brûst is Macbeth fan Shakespeare. De Ingelske tekst is yn it Frysk oerset en frij ynterpretearre troch Nynke Laverman.

Ien fan de trije foarstellingen fan It Brûst is it stik ‘Tomke siket om ‘e kluts’ dat Tryater foar de lytskes spilet. Foar it stik yn de kafees hawwe de akteurs Jan Arendz en Marijke Geertsma sterke kafeeferhalen sammele. Under de namme Sterk Staaltsje sille se se opfiere yn kafees en doarpshuzen. De tinten fan Tryater stean op it stuit op De Jouwer. Se binne yn alle gefallen oant en mei maaie rûnom yn Fryslân te finen.

(Boarne: Omrop Fryslân)

maart 18, 2011 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.