Irwin Prize foar In ‘t Veld

maart 21, 2011 00:01

LONDEN – De Nederlânske europarlemintariër Sophie in ‘t Veld hat de Britske Irwin Prize foar sekularist fan it jier 2011 wûn. Frou In ‘t Veld is lid fan it Europeesk platfoarm foar sekuliere polityk (EPPSP) en in fûl foarstanner fan de skieding fan polityk en godstsjinst.

De priis wurdt alle jierren útrikt troch de National Secular Society (NSS) en is ornearre foar minsken dy’t har ynspanne foar in sekuliere polityk. Sophie in ‘t Veld, út namme fan D66 lid fan it Europeesk parlemint, hat har dit jier fûl útsprutsen tsjin it útnoegjen fan de paus om it Europeesk parlemint ta te sprekken. In demokratysk orgaan wie neffens har net in gaadlik pla om godstsjinstige taspraken te hâlden.

Sophie in ‘t Veld makket har fierders sterk foar de rjochten fan froulju en homo’s en stribbet dernei om it homohoulik yn alle Europeeske lannen mooglik te meitsjen.

Terry Sanderson, de foarsitter fan de NSS, sei by de útrikking fan de priis yn Londen ôfrûne sneon: “Wy binne grutsk en bliid omdat wy Sophie in ‘t Veld op dizze manier in fear yn ‘e broek stekke kinne. It docht ús deugd dat der sa’n krêftige en fêste stim foar sekularisme en rjocht foar elkenien yn it Europeesk parlemint te hearren is. It wurdt hieltyd wichtiger om út te meitsjen hoe’t wy omgeane mei godstsjinst en it plak dêrfan yn in Europa mei in grut ferskaat oan kultueren en religys. Dêrom sil Sophie har wurk hieltyd belangriker wurde. De NSS wol har safolle mooglik bystean.”

Frou in ‘t Veld sei yn har tankwurd: “Ik beskôgje de priis in grutte eare en in oanmoediging yn de striid foar in folsleine skieding fan tsjerke en steat yn Europa.” Hja gie fierder yn op de útspraak fan it Europeesk hof foar de minskerjochten, dat dizze wike oardiele dat de Italiaanske oerheid it rjocht hat om krúsbylden yn iepenbiere skoallen op te hingjen. “De útspraak makket dúdlik dat minsken dy’t war dogge foar de skieding fan tsjerke en steat mei-inoar de sekuliere stim yn Europa klinke litte moatte. Hoewol’t de tsjerken aloan minder leden krije, bliuwt harren ynfloed op iepenbiere ynstellings like grut en navenant ek te grut.”

maart 21, 2011 00:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.