Boetes as Katalaansk ûntbrekt

maart 17, 2011 17:58

BARCELONA – It regear fan Kataloanië hat it ôfrûne jier 205 jildboetes útdield oan winkels, restaurants en oare kommersjele ynstellings dy’t op harren úthingbuorden, menukaarten of yn oare iepenbiere ynformaasje gjin Katalaansk brûkt hawwe. It gebrûk fan oare talen is wol tastien yn Kataloanië, mar dan neist it Katalaansk. Wa’t de regionale taal net dúdlik sjen lit, moat in boete fan sa’n achthûndert euro betelje. Fierwei de measte oertrêders binne saken yn de toeristyske buert El Barcelonés yn Barcelona.

It Katalaansk en it Spaansk binne beide offisjele talen yn Kataloanië, mar it regear wol nei jierrenlange ûnderdrukking it Katalaansk as earste taal brûke en it Spaansk tastien as twadde. Dat is net alle partijen nei it sin. De Spaansksinnige Partido Popular nimt it op foar de beboete winkellju en wol dat dy ek de mooglikheid krije om allinnich it Spaansk te brûken.

maart 17, 2011 17:58
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Carla maart 17, 18:13

    feroarje de wurden Katalaansk ris yn it Frysk, en Spaansk yn Nederlansk… Dat tink ik dat in soad minsken hjir núver opsjogge, mar miskien dochs net sa hiel gek! Haha!

  2. pizza boy maart 17, 18:40

    Mar het núvere is dot het wol hiel gewoan lieket os ju ut om draaie. Dus Katalaansk = Hollands en Spaasnk = Frysk. Sa os lêst mei die mon mei sien soepe en molke op sien molk bussen. Die krieg ek een boete omdat der te weinig Hollands hie gebruukt.

  3. Tako maart 17, 20:04

    Moatte se hjir fuortendaliks ek dwaan mei it Frysk yn Fryslân, dan is it begruttingtekoart fan Den Haach samar weiwurke troch de boetes! It fernuveret my, it Frysk is yndie op strjitte hast net te sjen. Fergelykje mar ris mei Wales, der binne wier net mear Welsh-sprekkers as Frysk-sprekkers, mar der is gjin strjitte sûnder twatalige ferkearsbuorden. Yn Ingelân hawwe se blykber no ienris fûneminteel mear respekt foar harren eigen minderheidsgroepen.

  4. Ferjo maart 17, 20:23

    Nederlân hat ieuwen lang niks oan it Frysk dien, dan it fuort te moffeljen en tocht we komme der wol fan ou.

    Minsken tiid foar aksje, feroarje alle tekst yn it Frysk.
    tiid foar fernijing.

    Tiid om de Nederlânske ynfloeden fuort te kneppeljen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.