Afûk gadingmakker e-learningpriis

maart 1, 2011 13:58

LJOUWERT – It Fryske kursusynstitút Afûk yn Ljouwert is nominearre foar de prestisjeuze e-learning award 2011. De sjuery hat de Fryske ynstelling nominearre fanwegen de moderne en gebrûksfreonlike site EduFrysk. Op dy site kinne minsken online Frysk leare. EduFrysk tinget mei yn de kategory Best Practice Award.

Njonken EduFrysk fan de Afûk meitsje Rekentuin (oefenweb.nl), You can fix it (IJsfontein) en Just Kassatrainer (Jutten Simulation) gading oan de priis. Alle fjouwer kandidaten krije ynkoarten de gelegenheid om harren e-learningprodukt oan de sjuery sjen te litten en ta te ljochtsjen. Op basis fan dy presintaasje kiest de sjuery dan op 4 april de úteinlike winner. Dy mei syn produkt dan oan it grutte publyk presintearje op it Nationale E-Learning Congres.

maart 1, 2011 13:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Anonym maart 24, 18:59

    Fan eduFrysk kinst echt in soad opstekke. It is in folle better systeem as oare elektroanyske learmiddels dy’t ik brûkt haw. Fryslân wurdt hjir sûnder te oerdriuwen mei op ‘e kaart setten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.