Westerwelle tsiert mei Erdogan

febrewaris 28, 2011 22:11

BERLYN – Twa manlju diskusjearje oer de bêste manier om bern grut te bringen. Se binne gjin pedagogen, psychologen of sels mar wittenskippers. It giet om twa politisy. De iene is de Turkske premier Recep Tayyip Erdogan, dy’t snein sei dat Turkske bern yn Dútslân uteraard Dútsk leare moatte, mar dat se as earste taal it Turksk leare moatte. De oare politikus is de Dútske minister fan útlânske saken Guido Westerwelle. “Bern dy’t yn Dútslân grut wurde, moatte it Dútsk as earste taal leare,” sa reagearre. Oars soene, sa seit Westerwelle, de bern op skoalle benefterreitsje en letter yn har libben minder kânsen hawwe.

Der libje sa’n trije miljoen minsken fan Turksk komôf yn Dútslân. Tweintich à tritich persint fan harren hat it Koerdysk as memmetaal. Wittenskippers riede âlden oan om de taal mei de bern te praten dêr’t se har it maklikst yn uterje. It is wichtich dat se in soad ferskillende taal brûke mei de bern, bygelyks troch spultsjes te dwaan en troch de bern foar te lêzen of harren sels lêze te litten. Op dy manier wurde bern al jong feardich yn de taal of talen fan thús. Pas as se in bepaald nivo yn dy talen berikt hawwe, kinne se maklik de taal fan skoalle oppakke.

febrewaris 28, 2011 22:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Grytsje febrewaris 28, 23:00

    Westerwelle moat him net dwaande hâlde mei saken dêr’t hy gjin ferstân fan hat! Earst harren memmetaal, dernei wat oars, hat ús bern tige fertúten dien en net allinne dy fan ús!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.