Versloot oer taalferoaring

febrewaris 23, 2011 13:50

AMSTERDAM – Wat foar soarte fan wurden nimme minsken no út oare talen oer? Binne dat faak foarkommende of krekt seldsume wurden? Op dy fraach giet Arjen Versloot kommende freed yn by syn earste lêzing as heechlearaar Fryske taalkunde oan de universiteit fan Amsterdam. Hy besjocht dan de ynfloed fan oare talen op it Frysk troch de ieuwen hinne.

De lêzing fan Versloot hat as titel De kracht van herhaling en wurdt holden yn de aula fan de universiteit, Singel 411 yn Amsterdam. Hy begjint om 16.00 oere. De tagong is fergees.

Foarôfgeand oan de oraasje is der fan 10.30 – 15.00 oere yn it Bungehuis oan de Spuistraat 210 yn Amsterdam in sympoasium mei It belang fan it Frysk foar de stúdzje fan it Nederlânsk as tema. It sympoasium is ek frij tagonklik.

febrewaris 23, 2011 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.