Universiteit Utert beset

febrewaris 9, 2011 12:28

UTERT – Nei in koarte besetting fan in universiteitsgebou yn Amsterdam, hawwe studinten no in gebou fan de universiteit Utert beset. It giet om in gebou yn de Uterter binnenstêd. De aksje is organisearre troch it Studenten Actie Comité Utrecht (SACU). De studinten wolle mei har aksje protestearje tsjin de besunigings op it heger ûnderwiis.

Om’t de besetting yn Amsterdam beëinge wurde moast doe’t studinten kolleezjeromten ynnamen, hawwe de studinten yn Utert derfoar soarge dat alle kolleezjes nettsjinsteande de besetting gewoan trochgean kinne. It universiteitsbestjoer sil hjoed mei de demonstrearjende studinten prate.

febrewaris 9, 2011 12:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.