Tankers botse op ‘e Lek
Resint ferskynd
KINDERDIJK – Op de Lek by it Súd-Hollânske Kinderdijk binne twa tankers opinoar botst. Ien fan ‘e tankers wie laden mei stookoalje, de oare wie leech. De tankers binne skansearre, mar trochdat it gat yn de laden tanker boppe de wetterliny leit, lekt der gjin oalje út. De skippen lizze ûnderwilens oan ‘e kant.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje