Taalrel yn Katalaansk fuotbal
Resint ferskynd
GIRONA/GERONA – Yn Spanje is in lytse taalrel oan ‘e gong. Fuotbaltrener Raül Agné rûn nammentlik lilk fuort út in parsekonferinsje doe’t it him dreech makke waard om in fraach yn it Katalaansk te beanwurdzjen.
Agné is trener fan FC Girona, in Katalaanske klup dy’t yn de Spaanske twadde divyzje spilet. Nei’t Girona in wedstriid fan konkurrint Huesca mei 1-0 wûn hie, ferskynde trener Agné yn in parsekonferinsje. In sjoernalist stelde him in fraach yn it Katalaansk en Agné begûn te antwurdzjen, mar waard ferskillende kearen ûnderbrutsen troch Spaansktalige sjoernalisten dy’t rôpen dat er alle fragen yn it Spaansk beantwurdzje moast. Agné sei dat er de fragen beantwurde yn de taal dêr’t se yn steld waarden. Hy frege de sjoernalisten oft se der ek in probleem fan meitsje soene as er in Ingelsktalige fraach yn it Ingelsk beantwurdzje soe. Doe’t de sjoernalisten oanholden, sei er: “Ik krij hjir in aaklik gefoel fan. Der komt gjin parsekonferinsje.” Hy kaam oerein en rûn fuort.
En gelyk hat er!
‘taalrel’ Wat meitsje de minsken fan in grutter taalgebiet altyd in leven, at se iets net begripe. Lit se de taal leare of hier in tolk yn.
Dan krije se hiel miskien noch wat ferstân yn de kop.