“Smûk en noflik” konsert yn Terbant

febrewaris 28, 2011 09:49

Op sneintemiddei 27 febrewaris kaam der net allinne mar storein en gewoane rein nei ûnderen ta, der wiske ek noch wiete snie om ’e ruten. Dat makke it noch smûker yn de sfearfolle Rotondetsjerke fan Terbant. De Fryske trûbadoers Adri de Boer en Grytsje Kingma brochten los fan elkoar en tegearre in bysûndere kar oan Fryske lieten foar it fuotljocht. Folslein eigen komposysjes, meastal eigen teksten en út en troch lietteksten fan oare Fryske tekstdichters. Sang en gitaar, klear en helder, in moaie kombinaasje fan ynstruminten en stimmen.

 

Adri docht al hiel wat jierren mei yn ’e Fryske muzykwrâld, Grytsje is noch mar in jier as twa warber. Adri hat al ferskate cd’s op syn namme stean en hat twa kear winner west fan it Fryske Songfestival Liet. Hy sette dizze middei út ein mei “Jongesjierren”, in liet dêr’t er yn weromsjocht op syn jeugd op it Fryske plattelân. Ek de folgjende nûmers wiene nostalgysk fan sfear. Mei oansprekkende muzyk waard yn in bytsje wurden in protte sein. Itselde jilde foar “Neat foar dy”, dat troch Adri en Grytsje tegearre songen waard.

De lietsjes fan Grytsje hawwe troch harren mannichte fan wurden wer in hiel oare sfear, faak sit de ferrassing of de ûntknoping oan ’e ein. Foar it skoft krige it publyk in hiel nij liet presintearre, dêr’t Grytsje de tekst fan makke en Adri de muzyk. Dit liet “Hipperhapkes” is makke nei oanlieding fan it moaiste nije Fryske wurd. In hipperhapke is it Fryske wurd foar “insectensnack”, neffens Grytsje in aardich wurd om te brûken, mar “brûke” leaver yn de betsjutting fan neamen as fan iten…

Nei it skoft gie Grytsje fierder mei in liet oer har favorite waarman. Dêrnei kamen in lietsje oer de buorman, in leafdeslietsje en it gefoelige liet oer it tsjerkje fan Pake foarby. Tegearre mei Adri folge noch “Wie it net juster”, tige werkenber foar âlden fan wa’t de bern it hûs útgeane.

Dêrnei naam Adri it stokje wer oer. Syn bekende lietsjes “Wy” en “Soan”, dêr ’t er twa kear (yn 1998 en 2001) it Fryske Songfestival Liet mei wûn hat, foelen by it publyk tige yn ‘e smaak. Ek song er (tige tapaslik by dit waarbyld) in lietsje oer de snie, dy’t noch hieltyd by de ruten lâns dwarrele. Likegoed as by “In bytsje krystich” wiene wy suver eefkes yn in oare tiid fan it jier. Adri en Grytsje songen tegearre noch it mankelike “Langst nei dy tiid”, oer it langjen nei de fakânsjetiid dy’t wer foarby is. It konsert waard ôfsletten mei Adri’s oersetting fan it tige bekende “Que Sera”, dat troch elts meisongen waard.

Al moast in inkelde kear it lûd eefkes wat bysteld wurde, it wie in moai oanslutend gehiel. Ek út it publyk (goed tachtich minsken) kamen entûsjaste reaksjes oer it rike muzikale ferskaat en oer de moaie gearklank fan beide stimmen. Of, sa’t ien besiker it sei: “Dit kin om my wolris wer”.

Sjoch ek op www.grytsjekingma.nl

febrewaris 28, 2011 09:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Grytsje febrewaris 28, 16:36

    Wa’t benijd is nei it Hipperhapkesliet, kin it no sjen/hearre op:
    http://www.youtube.com/watch?v=aLcI23LBTcU

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.