Skriuwersboun siket bestjoerslid en organisatoaren

febrewaris 15, 2011 22:39

Fan de bestjoerstafel, 11 febrewaris:
De ledegearkomste is 9 april. Tema: “Hoe krij ik myn boek útjûn?” It bestjoer hat de statuten oanpast, dy wurde dan oan de leden foarlein. Elske Schotanus en Jan Schotanus binne ôftrêdend, Elske is net werkiesber. Kandidaten foar in sit yn it bestjoer kinne belje mei ien fan de bestjoersleden of in mail stjoere neiskriuwersboun@hotmail.com. It bestjoer komt seis kear yn it jier by elkoar, derneist is der oerlis mei partijen yn it literêre fjild en wurdt in tal aktiviteiten op priemmen set. Aktiviteiten wurde òf troch it bestjoer sels organisearre òf der wurd in wurkgroep foar ynsteld. Foar mear ynformaasje oer wat It Boun docht, klik hjir.
Om’t de Gerben Rypmastifting yn juny in midsimmerbarren op priemmen set, beslute we de plannen foar in foar in eigen feest út te stellen nei de hjerst. Wy sykje noch minsken dy’t, mei Bennie Huisman, de organisaasje op har nimme wolle.
• Ien fan de leden hat kontakt opnaam mei it bestjoer. De skriuwster kin net langer útjaan by de FPB en freget har ôf oft Fryske skriuwers feroardiele binne ta Elikser. It bestjoer sjocht net daliks in oplossing. It iennichste is faaks it ta ûnderwerp meitsjen fan de folgjende ledegearkomste.
• Trije bestjoersleden ha nei in gearkomste oer de Moanne fan it Fryske boek west. Theo Kuipers hat middels in powerpointpresintaasje de plannen út de doeken dien. It tema is: Fiere streken, Hylke Speerstra skriuwt it kadoboek.
• Yn in oerlis tusken it bestjoer en Bert Looper is praat oer de gearwurking mei It Fryske Boek, de Stichting Boeken fan Fryslân en de besunigings. It Fryske Boek giet, mei ien man minder, yn 2012 op yn Tresoar. We ha it hân oer de websiden, de skriuwersbiografyen en de resinsjes op sirkwy.nl. In folgjende kear sil praat wurde oer in oansprekpunt binnen Tresoar foar it Boun, de fasilitêre stipe en stipe by it ynfoljen fan it programma fan it skriuwerswykein. In punt fan soarch is it berikken fan in jonger lêzerspublyk, ek dêr sille we in oare kear fierder op yngean.
• Slútingsdatum kopij foar de Oesdrip: 15 maart

op de aginda:

22 febrewaris, fan 19.30 – 21.30 oere petear mei Tryater (oanmelde kin net mear)
april 2011 Literêr Sirkwy yn de tsjerke fan Burum (programma folget)
9 april – Ledegearkomste
ein maaie Literêr Sirkwy yn it Damshûs yn Nijbeets (programma folget)
mids juny midsimmernachtbarren (ûnder foarbehâld)

Boarne: It Skriuwersboun

febrewaris 15, 2011 22:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.