Ruslân skrast wintertiid

febrewaris 9, 2011 09:00

MOSKOU – Ruslân skrast de wintertiid. De klokken jouwe tenei it hiele jier troch de tiid oan dy’t no noch de simmertiid is. Dat hat de Russyske presidint Mjedvjedjev tiisdei buorkundich makke. Neffens Mjedvjedjev laat it omsetten fan ‘e klok alle jierren wer ta spanning en krupsjes ûnder de befolking.

Ruslân hat ferline jier ek al mei de klokken oan it pielen west. Doe waarden twa fan ‘e alve tiidsônes yn it grutte lân skrast. Dat makke it foar Moskou makliker om it lân te bestjoeren. Yn it uterste easten wiene se der net sa wiis mei, mei’t it dêr no langer tsjuster is. It Russyske regear wol ûndersykje oft der noch mear tiidsônes gearfoege kinne sûnder dat dat de folkssûnens yn gefaar bringt.

Hjirûnder: de hjoeddeiske njoggen tiidsônes yn Ruslân.

febrewaris 9, 2011 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin90 febrewaris 9, 10:55

    Ik leau net dat it langer tsjuster is troch it omsetten fan de klok.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.