Rjochter stiet aaisykjen ta

febrewaris 28, 2011 18:06

LJOUWERT – Dit jier meie op ‘e nij ljipaaien meinommen wurde, sa hat de rjochtbank moandei bepaald. De Faunabeskerming hie beswier makke tsjin de ûntheffing dy’t de provinsje ôfjûn hat. Neffens de Faunabeskerming is it tal ljipen it ôfrûne jier safolle sakke dat it meinimmen fan aaien ûnferantwurde is.

De rjochtbank fynt lykwols dat de optimistyskere sifers fan de provinsje korrekt binne. De rjochtbank fynt ek, yn tsjinstelling ta Faunabeskerming, dat it meldsysteem foar aisikers doocht.

Alle aisikers moatte by it finen fan in aai earst fia sms tastimming freegje foar it opkrijen derfan. De meinommen aaien wurde registrearre. As it maksimum tastiene tal aaien meinommen is, wurdt in sms ferstjoerd dat it opkrijen net mear mei. Dat systeem kin der neffens de rjochtbank op troch.

Harm Niesen fan de Faunabeskerming is swier teloarsteld yn de útspraak fan de rjochtbank en stapt nei de Ried fan Steat. Dy kin net earder as oan de ein fan dit jier útspraak dwaan.

(Tekst: Omrop Fryslân)

febrewaris 28, 2011 18:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.